Res gestae saxonicae

Ut Wikipedy

De Res gestae saxonicae (folút: Res gestae Saxonicum sive annalium libri tres, 'Dieden fan de Saksen of trije boeken fan annalen') is in kronyk mei trije dielen út Dútslân yn de tsiende iuw dat skreaun is troch Widukind fan Corvey. Widukind wie grutsk op syn folk, de Saksen, en syn skiednis. Hy begjint syn kronyk net mei Rome, mar mei in koarte ynhâld oer de oerlevere skiednis fan de Saksen en syn wrakseljen mei de Franken. Widukind giet al it barren yn Itaalje foarby, allyksa it neamen fan de paus, mar skriuwt alle barren rûnom Hindrik de Fûgelder.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Res gestae saxonicae sive annalium libri tres bestiet út trije boeken:

Earste boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Widukind begjint syn earste boek mei de fal fan de Germaanske Tueringske dynasty. Yn syn ferzje is Amalaberga de dochter fan de Frankyske kening Huga. Nei Huga syn dea waard syn bastertsoan Teodoarik I ta kening kroane. Mar Amalberga helle har man Irminfrid oer mei de help fan de kriichsman Iring, dat hja werklik it keninkryk ervje soe. In kriich brekt út en de Franken wûnen de slach by Runibergun en de Tueringers lutsen harren werom nei de boarch Scithingi (hjoed-de-dei Burgscheidungen). De Franken krigen help fan de kreklyn ymmigrearre Saksen, dy't om nij lân sochten. In bloedige slach is fochten by Scithingi en nei't in soad kriichslju sneuvele wiene, stjoerde Irminfrid Iring nei Teodoarik om frede te meitsjen. De keningen kamen ta in oerienkomst en woene de Saksen sa gau mooglik deadzje. De Saksen hearden derfan en bestoarmen Scithingi yn it midden fan de nacht en fermoarden alle folwoeksenen. Allinnich Irminfrid en syn famylje koene ûntkomme. De Saksen fierden harren oerwinning trije dagen lang en dêrnei giene hja nei kening Teodoarik, dy't harren it Tueringske lân oerjoech.
Op befel fan Teodoarik, hellet Iring Irminfrid oer en kear werom nei it Frankyske hôf. Doe't Irminfrid foar Toedoarik knibbele, fermoarde Iring him. Teodoarik ferballe him, om't syn die grouwélich fûn waard troch eltsenien. Iring kundige oan dat er fermoedsoenje soe foar syn die en de dea fan syn eardere master wreke soe. Hy fermoarde Teodoarik allyksa en pleatste it lyk fan Irminfrid boppe dy fan Teodoarik, sa't er einlings dochs noch de oerwinner wêze soe. Dêrnei ferfear Iring.
Widukind einige it ferhaal mei it drúskjen fan de wierheid dêrfan, mar ferhelle dat de Molkwei Iringsstrjitte neamd wie oant ta syn tiid. De taspiling fan it kerstenjen fan de Saksen ûnder Karel de Grutte bringt him nei de eardere Saksyske hartoggen en alle ûnderdielen omtrint it bewâld fan Hindrik de Fûgelder.

Twadde boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It twadde boek begjint mei de ferkiezing fan Otto de Grutte as kening fan Dútslân, it driigjen tsjin syn bestjoer, giet alle barren yn Itaalje foarby en einiget mei de dea fan Otto syn earste frou Edith fan Wesseks yn 946. Hy wijde syn skriuwen oan Matilda fan Quedlinburg, dochter fan Otto de Grutte en kleasteroerste fan de Abdij fan Quedlinburg, en ôfstammeling fan de eardere Saksyske lieder Widukind, syn nammegenoat.

Tredde boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tredde boek neamt it ferhaal fan Liudolf, hartoch fan Swaben.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]