Springe nei ynhâld

René Goscinny

Ut Wikipedy
René Goscinny yn 1971

René Goscinny (Parys, 14 augustus 1926 – dêre, 5 novimber 1977) wie in Frânske skriuwer, humorist en skriuwer fan tekenteltsjes. Syn tekenteltsjes Asterix de Galjer en Lucky Luke binne wrâldferneamd.

Goscinny waard berne yn Parys as twadde soan fan Stanislas "Simkha" Goscinny, in gemysk yngenieur út Warschau, en Anna Beresniak Goscinny út it doarpke Chodorkow (Oekraïne) dy't elkoar moete hiene yn Parys. Yn 1928 ferfarde de húshâlding nei Buenos Aires yn Argentynje omdat Goscinny syn heit dêr in baan krigen hie.

Yn Argentynje brocht Goscinny syn jonge jierren fierder troch en hy makke yn dat lân ek in koarte karriêre troch as tekener. Yn dy tiid hat er ferskillende baantsjes ûnder oare as learling-akkountant. Yn desimber 1943 kaam syn heit te ferstjerren en yn 1945 ferfarde hy mei syn mem nei syn omke yn de Feriene Steaten. Yn 1946 gie hy werom nei Frankryk om syn militêre tsjinstplicht te ferfoljen by it 141e bataljon fan de Alpenjagers. Hy waard befoardere ta korporaal en waard de yllustrater fan syn rezjimint. Foar it leger makke hy yllustraasjes en posters. Yn 1947 yllustrearre hy in boek, en gie ferfolgens werom nei de Feriene Steaten.

In slimme tiid folge dêr't Goscinny yn New York in skoft sûnder wurk siet. Bettere tiden brekke oan yn 1948 doe't hy wurkjen gie by in lytse studio. Dêr rekke hy befreone mei minsken as Will Elder, Jack Davis en Harvey Kurtzman, striptekeners dy't letter bekend wurde sille troch harren wurk foar Mad Magazine. Yn 1949 moete hy ek de tekenaar Maurice De Bevere (Morris). Koart dêrop gie Goscinny wer werom nei Parys.

Grêf fan Goscinny

Yn 1951 kaam hy yn de kunde mei de tekener Albert Uderzo en se makken tegearre inkele rigen stripferhalen, wêrûnder Hoempa pa, dat yn it stripblêd Tintin ferskynde tusken 1958 en 1962. Yn 1959 setten sy útein mei de striprige Asterix dat publisearre waard yn it stripblêd Pilote. Yn tuskentiid wie Goscinny ek begûn mei it skriuwen fan ferhalen foar de strip Lucky Luke, tekene troch Morris. De gearwurking mei Morris as Uderzo hat duorre oant Goscinnys' dea yn 1977.

As redakteur (sûnt 1959) en letter haadredakteur (fan 1963 oant 1974) makke Goscinny fan Pilote in stripblêd foar folwoeksenen mei tekenteltsjes dy't oars en fernijend wienen as alles wat oant dan gebrûklik wie yn stripblêden foar bern.

Goscinny wurke as senarist ek gear mei Jean Tabary (Iznogoedh, 1962-1977) en Gotlib (Les dingodossiers, 1965-1967). Under de skûlnamme "Agostini" hat er in rige berneboeken skreaun, "De Lytse Nicolaas" (1956-1964), yllustrearre troch Jean-Jacques Sempé.

Goscinny ferstoar op 51-jierrige leeftyd as gefolch fan in hertoanfal ûnder in ynspanningstest yn it sikehûs.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]