Reinbôge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Reinbôge

In reinbôge is in ljochtferskynsel. At it ljocht fan de sinne troch lytse reindropkes wjerkeatst wurdt, dan fungearre dy droppen as in optysk prisma, en wurdt it ljocht dield. Sadwaande kinne op ôfstân de aparte kleuren sjoen wurde. Om't de hoeke fan it ljochtdielen foar eltse kleur fêst stiet, is beheind fia hokfoar paad it ljocht by de sjogger oankomme kin. At de sinne efter de sjogger is, dan wurdt der troch de mûglike richtings krekt in bôge foarme. Sa wurdt tsjin de reinloft in bôge fan ljocht foarme, mei oan de bûtenkante rea en oan de binnekante blau.

Njonken ljocht dat daalks wjerkeatst wurdt, kin soms ek ljocht sjoen wurde dat twa kear wjerkeatst is. Dat foarmet dan in twadde bôge bûten de earste, mar troch in wjerkeatsing mear binne de kleuren krekt oarsom: oan de bûtenkante blau en oan de binnekante rea. At der in protte ljocht is kin it sels barre dat der mear as twa bôgen binne.

Itselde ljochtferskynsel is ek te sjen by wetterdroppen fan oare oarsprong, lykas by in wetterfal, of mei help fan de minsken by túnsproeiers.

In tige bysûndere reinbôge is in inkeld kear nachts te sjen. It ljocht fan de moanne kin krekt genôch wêze om in reinbôge op te roppen, in moannebôge. Foar it each is it ljocht dan te swak om de kleuren sjen te kinnen; mei langedoerfoto's is lykwols te sjen dat dy der al binne.