Springe nei ynhâld

Reade reager

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Reade Reager)
reade reager
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje reagerfûgels (Ardeidae)
skaai reagers (Ardea)
soarte
Ardea purpurea
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De reade reager of poarperreager (Ardea purpurea) is in fûgel út de famylje fan de reagers, en út it skift fan de pilekaaneftigen.

De reade reager is likernôch 79 sm grut.

Súd- en Súdeast-Jeropa om de Middellânske See hinne, yn 'e Donaudelta en yn Afrika. Fryslân hat alle jieren inkelde briedpearen, en dêrmei is Fryslân it noardlikste briedgebiet foar de reade reager. Yn augustus-septimber trekke de fûgels nei súdlike streken. De reade reager wurdt sûnt 2016 net mear als bedrige besjoun en stiet dêrom net mear op de Nederlânse Reade list fan fûgels.

De reade reagers frette benammen fisk yn heldere wetters.

De reade reager hat fjouwer ûndersoarten:

  • Ardea purpurea purpurea - Midden-, Súd en Súdeast-Jeropa, Aazje, Afrika
  • Ardea purpurea bournei - Kaapverdje, ek wol as aparte soarte Ardea bournei besjoun ("Kaapverdyske reager")
  • Ardea purpurea madagascariensis - Madagaskar
  • Ardea purpurea malinensis - Súdeast-Aazje