Springe nei ynhâld

Quim Torra

Ut Wikipedy
Quim Torra
politikus
echte namme Joaquim Torra i Pla
nasjonaliteit Spaansk
bertedatum 28 desimber 1962
berteplak Blanes
partij ûnôfhinklik
Presidint fan de Generaliteit fan Kataloanje
amtsperioade 2018 – no
foargonger Carles Puigdemont

Joaquim Torra i Pla (Blanes, 28 desimber 1962), bekend as Quim Torra, is in Spaansk politikus, abbekaat en redakteur út Kataloanje. Torra is in lid fan it Katalaanske parlemint en de hjoeddeistige presidint fan Kataloanje.

Torra waard berne yn 1962 yn Blanes en studearre ôf op de Autonome Universiteit fan Barselona. Dêrnei gie er de wrâld fan it rjocht yn. Hy wurke tweintich jier as abbekaat en manager foar in multynasjonaal fersekeringsbedriuw. Dêrnei begûn er syn eigen útjouwingsbedriuw. Letter krige er wichtige funksjes yn it bestjoer fan Barselona en de Generaliteit fan Kataloanje.

Hy is in foarstanner fan Katalaanske ûnôfhinklikens. Torra hat wichtige funksjes beklaaid yn ferskate pro-ûnôfhinklikensorganisaasjes, lykas it Òmnium Cultural en Assemblea Nacional Catalana. Hy waard keazen ta it Katalaanske Parlemint by de regionale ferkiezingen fan as kandidaat foar Junts per Catalunya. Yn maaie 2018 waard Torra ferkeazen as 131e Presidint fan Kataloanje[1], nei't Spaanske hôven trije oare kandidaten blokkearre hienen. Dêrmei waard er de opfolger fan Carles Puigdemont.

Persoanlike libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Torra is troud mei learares Carola Miró. Sy ha trije bern, twa dochters en in soan.

Keppelingen om útens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.parlament.cat/web/composicio/diputats-fitxa/index.html?p_codi=1980