Pussy Riot

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pussy Riot

Pussy Riot is in Russyske feministyske punkband dy't polityk provosearjende optreden yn Moskou jout. Sy bringe ûnderwerpen sa as de omstannichheden fan froulju yn Ruslân en de ferkiezingskampaje fan presidint Poetin op it aljemint.

De bandleden klaaie harren yn kleurige jurken en panty's, ek at dat om de kjeld eingentlik net kin. Fierders drage sy in soarte fan fleurige bivakmûtsen, by optredens, mar ek by ynterviews. De groep bestiet út sa'n tsien artysten, en likernôch fyftjin lju dy't de technyk fersoarge en fideo's foar op it ynternet meitsje.

De groep seit dat de punk rock- en Oi! bands Angelic Upstarts, Cockney Rejects, Sham 69 en The 4-Skins har it meast muzikaal beynfloede hat. Teffens neame sy de Amerikaanske punk rockband Bikini Kill en de Riot grrrl út de jierren 90 as ynspiraasjeboarne.

Tsjerkeprotest[bewurkje seksje | edit source]

Nadesjda Tolokonnikowa, by proses yn Moskou, juny 2012
Jekatarina Samoetsjewitsj, by proses yn Moskou, juny 2012

Op 21 febrewaris 2012 treden trije leden fan de band op yn in tsjerketsjinst yn de Kristus Ferlosserkatedraal yn Moskou. It wie in protestaksje tsjin de werferkiezing fan presidint Poetin.

Op 3 maart waarden twa leden fan Pussy Riot arrestearre en beskuldige fan hooliganisme. Op 16 maart waard in tredde lid oanhâlden dy't earder tsjûge yn de saak west hie. July 2012 kaam it trijetal foar de rjochtbank. It proses krige ynternasjonaal omtinken. De bandleden krigen morele stipe fan ynternasjonaal ferneamde artysten en politisy. Op 17 augustus 2012 binne de trije feroardiele ta twa jier strafkamp.[1] De oare deis frege de Russysk-ortodokske tsjerke om genede en frijlitting foar de trije froulju.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 jaar strafkamp voor leden Pussy Riot op DeRedactie.be, rieplachte 17 augustus 2012.
  2. Russische kerk wil 'genade' voor Pussy Riot op AD.nl, rieplachte op 18 augustus 2012.