Pruketiid

Ut Wikipedy
In manljusprúk sa't dy yn 'e Pruketiid droegen waard.

De Pruketiid wie in histoarysk tiidrek wêryn't it yn begoedige maatskiplike fermiddens moade wie om pruken te dragen. De legere maatskiplike klassen diene yn 'e regel, omreden fan jildgebrek, net oan dit ferskynsel mei. Ornaris wurdt de Pruketiid frijwol lykslein mei de achttjinde iuw, mar eins begûn dizze perioade earder, al om 1650 hinne, wylst er pas einige om 1820 of 1830 hinne.

Moade[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pruken waarden yn 'e Pruketiid benammen troch manlju droegen en folle minder troch froulju, hoewol't ek dy op it hichtepunt fan dit tiidrek, om 1780 hinne, wol pruken op hiene. De measte manljuspruken hiene in skieding yn 'e midden fan 'e foarholle nei de efterholle, mar oan 'e sydkanten, boppe de earen twa of trije horizontale krollen. Yn 'e nekke einige de prúk yn in koarte sturt dy't mei in lint ombûn wie. Dit bearde de echte hierdracht fan manlju út dy tiid nei (dêr't de legere klassen wol oan meidiene). Manlju fan tige hege rang droegen gauris in prúk mei lang hier dat oan 'e sydkanten en efterkant fan 'e holle yn lytse kroltsjes oant op 'e skouders foel. Pruken fan froulju waarden karakterisearre troch tige heech opmakke kapsels.

Guon prúkdragende manlju hiene altyd in prúk op, bygelyks om't se keal of kealjend wiene, wylst de prúk foar oaren in assessoire wie dêr't se har út en troch mei taristen. Behalven troch pruken waard de Pruketiid ek karakterisearre troch (foar de hegerein) it dragen fan in protte make-up en in tige opsichtige, flamboyante moade mei in protte kant, goudtrie, gaspen en strikken, klean yn opfallende felle kleuren en fuotark mei hege hakken. Foar froulju kaam dêr noch by it dragen fan strakke kesjetten dy't de mul ynsnuorren sadat de boarsten omheech treaun waarden nei it dochs al djippe dekolletee. Dêrnjonken droegen froulju paniers ûnder de jûpen. Dat wiene reiden struktueren op 'e heupen, dy't de rokken hast twaris sa breed makken en yn kombinaasje mei it kesjet foar in sânrinnerfiguer soargen.

Kening George II fan Grut-Brittanje mei in lange prúk op.

Hjoeddeistich oerbliuwsels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hier fergiet fluch, dat der binne net in protte pruken út 'e Pruketiid oan hjoed de dei ta bewarre bleaun. Yn Nederlân hawwe it Ryksmuseum en it Amsterdam Museum der beide ien.

In oerbliuwsel fan 'e moade út 'e Pruketiid dat tsjintwurdich noch altyd bestiet, is de ferplichting foar Britske rjochters en abbekaten om by de útoefening fan harren berop yn 'e rjochtseal pruken te draken. Abbekaten drage 'gewoane' pruken mei krollen en in sturtsje, wylst de rjochters pruken drage mei lang ôfhingjend hier oan 'e sydkanten en de efterkant. Sokke pruken wurde makke fan hynstehier.

Pruketiid as histoarysk begryp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It begryp "Pruketiid" is oernommen út it Nederlânsk wêryn't it nei alle gedachten as begryp yntrodusearre waard troch de njoggentjinde-iuwske kritikus Conrad Busken Huet. Dyselde soe it betocht hawwe as lienfertaling fan it Dútske Perückenzeit en Zopfzeit (Zopf is Dútsk foar "sturt"). De Pruketiid wurdt yn Nederlân assosjearre mei in tiid fan kulturele en ekonomyske stagnaasje, wêryn't men tarde op 'e fergiene gloarje fan 'e Gouden Iuw.

Yn Ingelân wurdt de Pruketiid fierhinne oerlape troch it Georgiaanske Tiidrek (1714-1837), doe't fjouwer keningen dy't George hieten (George I, George II, George III en George IV) oer it Keninkryk Grut-Brittanje en letter oer it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân hearsken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatuur en Bronnen, Noten en/of Referenties, op dizze side.