Provinsjes fan Denemark
Denemarken wie oant en mei 31 desimber 2006 ferdield yn tretjin provinsjes (amter) en 271 gemeentes (kommuner), sjoch Deenske gemeenten per provinsje. De yndieling yn tretjin (earder 14) provinsjes wie by de bestjoerlike weryndieling fan 1 april 1970 ûntstien. By dy weryndieling waard it tal gemeente werombrocht fan 1386 nei 275 en it tal provinsjes fan 25 nei 14. De yndieling fan Denemark yn amter wie fan 1793.
|
De provinsje Kopenhagen besloech de gemeenten yn de stêdekloft Kopenhagen, útsein de gemeenten Kopenhagen en Frederiksberg. Bornholm is in regionale gemeente, dy't de fiif eardere gemeenten fan it eilân Bornholm yn har ferienige.
Grienlân en de Faeröer hearre ek by Denemark, mar hawwe in autonome status en hawwe twa sitten yn it Deenske parlemint.
Fan 1 jannewaris 2007 ôf is Denemark yndield yn fiif regio's dy't yn it plak fan de tretjin provinsjes kaam binne. Tagelyk is it oantal Deenske gemeentes werombrocht fan 271 nei 98.