Protestantske tsjerke fan Sibekarspel

Ut Wikipedy
Protestantske tsjerke fan Sibekarspel
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Medemblik
plak Sibekarspel
adres Westerstraat 42
koördinaten 52° 42'N 4° 59'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Laurentius fan Rome
Arsjitektuer
boujier 16e iuw
boustyl Lette gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer tsjerke 30676 [1]
Webside
Side PKN-gemeente 'Het Vierkant'
Kaart
Protestantske tsjerke fan Sibekarspel (Noard-Hollân)
Protestantske tsjerke fan Sibekarspel

De Tsjerke fan Sibekarspel is in protestantske tsjerke yn it Noard-Hollânske plak Sibekarspel. Ut en troch wurdt der yn 'e tsjerke preek holden, de tsjerke is geskikt foar multyfunksjoneel gebrûk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei alle gedachten giet de skiednis fan 'e tsjerke werom op in 12e iuwske tsjerke fan dowestien. Yn 'e 15e iuw waard in toer oanboud. Likernôch healwei de 16e iuw waard de oan Laurentius fan Rome wijde tsjerke fernijd. Dêrby waarden muorren fan 'e nije tsjerke mei ien meter heger makke om de goatyske ramen yn te bringen. Eartiids gyng it om in gruttere tsjerke mei in westlike toer en in heger koer as it skip.

Yn 1815 waard fanwegen brekfalligens it hege koer ôfbrutsen en waard de eastlike kant tichmitsele. Fan it eastlike koer bleaune de hoeksteunbearen bewarre. Ek de toer waard sloopt en yn 1861 ferfongen troch de hjoeddeiske neoklassistyske dakruter.

De tsjerke waard yn de jierren 1966-1967 restaurearre. Doe is de bepleistering fan de bûtenmuorren ferwidere.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Dam-oargel

De 17e-iuwske preekstoel stiet oan 'e eastlike muorre. De dooptún is net mear oanwêzich, mar de 18e-iuwske doopbôge mei it wapen fan Sibekarspel is bewarre bleaun. It skip wurdt ferljochte troch trije koperen kroanen, de grutste datearret fan 1644. By de restauraasje fan 'e jierren 1960 binne fragminten fan it âlde doopfont werom fûn, dy't yntegrearre binne yn it tsjintwurdige doopfont. Ek is in stik dowestien fûn mei beskildering.

De klok waard yn 1682 getten troch Laurens Brinckhuysen. De klok waard yn 'e Twadde Wrâldkriich foardere om yn Dútslân omraand te wurden, mar is net fierder kommen as Grins en koe nei de kriich werom hongen wurde.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in orizjineel Van Dam-oargel út 1883. 'Flentrop Orgelbouw' restaurearre it oargel yn 1998. It sleepladeynstrumint hat in mechanyske traktuer, 13 registers op twa manualen en in oanhongen pedaal.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Monumenten in Nederland Noord Holland - Rijksdienst voor de Monumentenzorg Zeist, side 490
  • Langs de oude Noord-Hollandse Kerken Waterland/West-Friesland/Texel, Mieke Vink-Sluis, ISBN 90 246 4148 9, side 83