Port of Spain

Ut Wikipedy
Port of Spain
Polityk
Lân Trinidad en Tobago
Sifers
Ynwennertal 49.031 (2000)
Oerflak 13,45 km²
Befolkingsticht. 3.650/ km²
Hichte 0 - 3 m
Oar
Stifting 1560
Tiidsône AST (UTC−4)
Koördinaten
Offisjele webside
www.portofspain.com/
Lizzing Port of Spain

Port of Spain (ek wol Port-of-Spain), befolking fan 49.000 (300.000 yn it stedsgebiet) (2000), is de haadstêd fan Trinidad en Tobago. De stêd leit oan de Golf fan Paria, op de westkust fan it eilân Trinidad en is benammen in bestjoerssintrum, mar ek in moderne havenstêd en finânsjeel sintrum fan belang foar it Karibysk gebiet. Sa is Port of Spain in oerslachhaven foar bauksyt út Frânsk Guyana, Guyana en Suriname en foar izer út Fenezuëla en de twa grutste banken fan de Karyb sitte dêr.

Der giet in fearboat fan Port of Spain nei Scarborough op Tobago.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedssintrum

  • Downtown
  • Newtown

Westlike kertieren

  • Woodbrook
  • Saint James
  • Mucarapo

Eastlike kertieren

Noardwest kertieren

  • St-Clair
  • Long Circular
  • Federation Park
  • Queens Park West

Noardlike kertieren

  • Lady Chancellor
  • Saint Anns
  • Flagstaff

Ut de skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd waard stifte op it plak fan it Yndiaanske stedsje Cumucarapo. De lêste Spaanske gûverneur, Don Jose Maria Chacon, fersette de haadstêd fan St. Joseph nei Port of Spain oan de ein fan de 18e iuw. Neidat Trinidad oan de Britten kaam yn 1797 bleau it de haadstêd. Port of Spain waard hieltyd grutter en wichtiger. Yn de jierren '60 fan de 20e iuw berikte de stêd syn heechste ynwennertal, sa'n 100.000. Sûnttiids hat de stêd in grut part fan syn befolking ferlern oan de bûtenstêden.

Fan 1958 oant 1962 wie Port of Spain de haadstêd fan de Westyndyske Federaasje, hoewol't earst de bedoeling wie om de haadstêd fan de federaasje by Chaguaramas, bewesten de stêdten, te bouwen. Doe't it rillegau dien wie mei de Federaasje is de nije haadstêd lykwols nea ôfboud.

Berne yn Port of Spain[bewurkje seksje | boarne bewurkje]