Plomreid

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Plomreid
Helmgras kijkduin februari 2005.JPG
taksonomy
Klasse: Iensiedblêdigen
Skift: Gerseftigen
Famylje: Gersplanten
soarte
Ammophila arenaria

Plomreid (Ammophila arenaria) is soarte út it skaai fan de Helmgerzen (Ammophila).

Plomreid had djippe woartels en hat lange woartelstokken. Dêrmei foarmet him ûnder de plant in net fan woartels dat de plant in protte hâld jout. Hjirtroch kin de plant goed waakse dêr't de grûn te los is foar oare planten, lykas stosân. Om't de plant ek fierders oanpast is oan wyn en sân is er gaadlik om oan te planten yn de dúnen: it woarstelstelsel dat de planten hâld jout, hâldt ek it sân fan de ûndergrûn byelkoar. De plant rôllet syn blêden allinnich út at der focht genôch is, en ek dan rjochtet er syn blêden nei de wyn. Plomreid kin sa it fochtferlies lyts hâlde, en om't de plant net goed oer sâlt kin is it ek in foardiel dat it sa minder problemen fan sâlt stowetter hat.

Plomreid waakst oan de Noard-Atlantyske eastkust, fan Yslân oant Noardwest Afrika. De plant kin fan 50 oant 120 sm grut wurde. Plomreid hat yn juny en july plomieren fan 7 ta 22 sm. Mei dy plomieren hat de plant in protte wei fan nôt. Om't der lykwols gjin nôtkerrels ynkomme, krige Plomreid ek de namme fan Gelde Ier.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Ammophila arenaria en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.