Helmgerzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Helmgerzen (Ammophila) foarmje in skift yn de famylje fan de Gersplanten (Poaceae).

Helmgerzen binne planten mei grutte woartelstelsels, en mei blau-griene blêden dy't gearrôle wurde kinne om fochtferlies tsjin te gean. Beide soarten waakse oan de Noard-Atlantyske kust: Plomreid oan de eastkust, Strângers oan de westkust. It is net dúdlik oft de populaasjes oan de westkust fan Noard-Amearika foar in part natuerlik binne as net. Yn alle gefallen liket Plomreid dêr nijbrocht te wêzen. De marren yn it noardeasten fan de Feriene Steaten hawwe ek Helmgerspopulaasjes, dy't almeast ta it Strângers rekkene wurde.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | edit source]