Piip (smookark)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Piip
Tabakspiip fan briarhout
In merskûmen piip
Piip fan klaai
Piipsmoker Pertini

In piip is in ynstrumint om smeuljende tabak tekonsumearjen (smoke). De piip bestiet yn essinssje út in langere of koarte buis (stâle of roer) mei in komfoarmige hâlder (kop) foar de tabak.

De earste pipen waarden makke fan wytbakte klaai. Letter kamen der ek pipen yn porselein, merskûm en bruyèrehout (woartelhout fan de beamheide = Erica Arborea). Der binne in soad ferskillende modellen, ûnderferdield yn soarten en maten, dochs is der yn grutte linen in ûnderferdieling te meitsjen.

Klassike modellen[bewurkje seksje | edit source]

Ta meast súksesfolle model yn de rin fan de tiden is de BILLARD. In rjocht of bûgde, strak útbalansearre model fan minimaal gewicht. Fanút dit basistype binne in bulte nuânses makke. Oare klassike basisfoarmen binne "POT", "DUBLIN " en "APPLE".

Moderne modellen[bewurkje seksje | edit source]

Neist dat dizze in ôflate foarm hawwe fan de klassike modellen sjogge dizzen der wat sportiver út. Binne faaak bûgd, hawwe in breed mûlstik, mar bliuwe foldwaan oan in estetysk ferantwurde útstrieling.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]