Pierre de Fermat

Ut Wikipedy
Pierre de Fermat

Pierre de Fermat (Beaumont-de-Lomagne, tusken 31 oktober en 6 desimber 1607 - Castres, 12 jannewaris 1665) wie in Frânske jurist oan it hof fan Toulouse en dêrneist in wiskundige, oan wa't in oantal iere ûntwikkelingen taskreaun wurde dy't laat hawwe ta de moderne differinskaalrekkening.

Yn it bysûnder wurdt hy erkend foar syn ûntdekking fan in orizjinele metoade foar it finen fan de grutste en lytste ordinaten fan kromde linen, in metoade dy't analooch is oan dy fan de doe noch ûnbekende differinsjaalrekkening.

Ek syn ûndersikingen yn de getalteory sprekke ta de ferbylding. Hy waard benammen bekend troch de nei him ferneamde lêste stelling fan Fermat, dy't lykwols net de lêste wie dy't hy oait ponearre, mar wol de lêste fan syn stellingen dy't pas yn 1995 bewezen waard. Dêrneist hat hy opmerklike bydragen levere oan de analytyske mjitkunde, de kânsrekkening en de optika. Mei syn jefte foar it sjen fan relaasjes tusken getallen en syn fermogen om bewizen foar in soad fan syn stellingen te finen lei Fermat de basis foar de moderne getalteory.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Klaus Barner - How old did Fermat become? NTM International Journal of History and Ethics of Natural Sciences, Technology and Medicine 9, No.4, 209-228 (2001).