Petrus Augustus de Génestet

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Petrus Augustus de Génestet

Petrus Augustus de Génestet (Amsterdam, 21 novimber 1829Rozendaal, 2 july 1861) wie in Nederlânsk dichter en teolooch.

Petrus Augustus de Génestet ferlear syn âlden doe't er noch jong wie. Hy waard opnaam yn de hûshâlding fa syn omke en fâld, de skilder Jan Adam Kruseman. Oan it Amsterdamske Ateneum en it Seminarium fan de Remonstrantske Bruorskip waard er ta predikant foarme. Yn maart 1852 waard er dûmny te Moordrecht en yn desimber fan itselde jier ynDelft, de stêd dêr't no noch de nei him neamde Genestettsjerke stiet. Yn 1852 troude er ek mei Henriette Bienfait. Se krigen twa bern.

Yn 1859 stoaren syn frou en ien fan de bern oan TBC en moast er fanwege syn minne sûnens it amt fan predikant dellizze. Hy festige him doe yn Amsterdam, mar brocht de simmers meast troch yn Bloemendaal. Al twa jier letter, yn1861, stoar hy ek oan de gefolgen fan TBC, te Rozendaal.

Bernard ter Haar dichte nei syn dea de rousang "Op het Kerkhof te Roozendaal". Ter Haar waard dêr letter ek begroeven, lykas Willem Hofdijk. Conrad Busken Huet wie de sprekker by de ûntbleating fan it betinkteken fan de Génestet yn 1862.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

De Génestet wie populêr, wat foaral te tankje wie oan syn koartswilige en gefoelige gedichten, dy't ek tagonklik wiene foar in breed publyk. Fierders wie ek godstsjinst in wichtich tema yn syn wurk. De Génestet wie frijsinnich-protestant; dêrby naam er fûl stelling tsjin oerflakkige frijsinnichheid én al te grutte ûnferdraachsumens. Mei Nicolaas Beets wurdt er sjoen as ien fan de Nederlânske neifolgers fan it Byronisme.

Yn syn koarte libben - hy is mar 31 wurden - hat er mar in lyts tal gedichten skriuwe kind, dy't nei syn dea bondele útjûn binne mei de titel "Dichtwerken".

Twa foarbylden út it wurk fan De Génestet:

SOORTEN.
Sprekers, hoorders, denkers, daders
Vindt ge in soorten rijp en groen.
Zeldzaam vindt ge wel verenigd
Spreken, hooren, denken, doen.
BLADVULLING.
Een bladvulling wilt gij gaan schrijven,
Hier voor dit slecht gevulde blad?...
Och ~ 'k zou het maar wit laten blijven!
Daar wordt genoeg papier beklad.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]