Peter Falk

Ut Wikipedy
Peter Falk as Columbo

Peter Michael Falk (New York, 16 septimber 1927Beverly Hills, 23 juny 2011), soan fan in Poalsk-Hongaarsk-Tsjechyske heit en in Russyske mem, wie in Amerikaansk akteur en senarioskriuwer, benammen bekend troch syn fertolking fan ynspekteur Columbo yn de lykneamige detektiverige mei deselde namme.

As de suterige, altiten yn grobbelige reinjas klaaid en op it each sleauwe resersjeur Columbo trede Falk foar it earst op yn 1968. Columbo-sjoggers witte altiten fan de earste minuten ôf fan hokker ôflevering wa't de moardner is; Columbo lost syn moardsaken op troch omtinken te jaan oan lytse ynkonsistinsjes yn it ferhaal fan de fertochte en troch de dieder krekt sa lang nei te sitten oant dizze bekent. Benammen de ferheartechnyk fan Columbo waard legendarysk: oan de ein fan in petear rint Columbo fuort om dan hommels werom te kommen: Oh, just one more thing, of Oh, I almost forgot, wêrnei't de fertochte op in ynkonsistinsje wiisd wurdt. De yntrigearjende eachopslach dy't Columbo op soksoarte mominten op syn slachtoffers rjochte kaam diels troch syn (rjochter) keunsteach, in proteze dy't nedich waard neidat Falk op 3-jierige leeftiid syn rjochtereach ferlear troch de gefolgen fan in tumor.
Peter Falk bleau syn rol as Columbo rom 35 jier trou en krige dêr yn dy tiid fjouwer Emmy Awards en in Golden Globe foar.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]