Paul Kusters

Ut Wikipedy
Cartoon Toos & Henk oer 15 jier Wikipedia

Paul Kusters (Geleen, 19 april 1966)[1] is in Nederlânsk cartoonist en byldzjend keunstner. Syn cartoons ferskine sûnt de jierren '90 yn ferskate lanlike en regionale Nederlânske kranten. Hy tekene 15 jier lang alle wiken mediacartoons foar de Volkskrant. Dêrneist makke hy tsien jier ekonomyske cartoons foar it Financieele Dagblad.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kusters groeide op yn it Súd-Limburchske Geleen en studearre fan 1985 oant 1989 Monumintale Foarmjouwing, Tekenjen en Keunstskiednis (MO-akte 1e graads) oan de Akademy Byldzjende keunsten Maastricht.

Sûnt 1989 is hy cartoonist. Kusters tekent seis dagen yn de wike in aktuele Toos & Henk dy ’t ferskynt yn de deiblêden Algemeen Dagblad, BN/De Stem, De Stentor, De Gooi- en Eemlander, De Limburger, Limburgs Dagblad, Dagblad van het Noorden, Haarlems Dagblad, Leidsch Dagblad, Noordhollands Dagblad, Provinciale Zeeuwse Courant, De Twentsche Courant Tubantia, Brabants Dagblad, Eindhovens Dagblad, Ljouwerter Krante en De Gelderlander. Toos en Henk binne ek te folgjen yn it fearnsjiermagazine PUURZAAM (lifestyle magazine foar frijtinkers) fan de Gulpener Bierbrouwerij yn Gulpen, Súd-Limburch.

Dêrneist tekene hy tusken 2005 en 2016 seis kear wyks Babs en Beer (in mei Toos en Henk fergelykbere cartoon) foar it Algemeen Dagblad (AD). Op 25 april 2016 joegen Babs en Beer it stokje yn it AD oer oan Toos en Henk. In telefyzjeferzje fan Toos en Henk wie yn it seizoen fan 2015 alle dagen te sjen by RTL Late Night. Op freed 22 novimber 2019 tekene Kusters syn fiiftûzenste Toos & Henk. Dizze waard de folgjende dei yn alle regionale kranten en it AD publisearre, mei ekstra omtinken foar dit jubileum. It AD neamde Toos & Henk, mei alle dagen 2,8 miljoen lêzers, as de meast lêzen cartoon fan it lân.

Kusters wennet sûnt begjin jierren 1990 yn Maastricht en wurket diels oan hûs (as cartoonist), diels yn syn atelier yn Meerssen (as byldzjend keunstner). Hy neamt syn cartoonwurk "in út de hân rûne byfertsjinste út myn studintelibben" en sjocht himsels earder as in byldzjend keunstner dy ‘t cartoons makket "Ik ha twa wurkromtes: ientsje thús yn Maastricht, besteande út in keamer dêr ‘t ik cartoons tekenje. En de oare yn Meerssen dêr ’t ik eins it leafste bin; myn atelier. Feitlik in fertrek mei twa skildersezels en in grutte hoemannichte dripjende oaljeferve. Oaljefervekwabzen en -flekken dy ’t ik op grutte en lytsere doeken mei myn fingers, flakke hân en paletmessen min ofte mear yn balâns besykje te krijen ta in soarte fotorealistysk byld. Nei eigen sizzen wurke hy trije-en-inheal jier oan de ûntwikkeling fan in selsdraagjende ferve, in ferve dy ’t sa tsjok en sjerpich is, dat dy sûnder drager (skilderslinnen) ferwurke wurde kin.[2]

Kusters sjocht himsels as in berne karnavalist. Sa wie hy jeugdprins fan basisskoalle 't Kempke en trombonist fan de Moerekepel yn Geleen. Yn 2021 ûntwurp hy yn opdracht fan de Sjeng Kraft Kompanei de sechtjinde Vastelaovend in Limburg keunstposter, dy ’t troch de koroanapandemy pas yn 2022 ferspraat waard yn in oplage fan 75.000 stiks. De poster hat yn ‘e midden in hertfoarmige iepening, wêrûnder in grutte, útstutsen tonge te sjen is, bedoeld foar it meitsjen fan selfies. De poster hat ek in gebrûksoanwizing, wêryn’t de cartoonfigueren Toos en Henk de ynstruksjes jouwe.

Prizen en tentoanstellings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paul wûn yn 2007 de Junior Inktspotpriis fan it Parsemuseum yn Amsterdam foar in cartoon fan Babs en Beer. Yn 2009 krige hy deselde priis foar in cartoon fan Toos en Henk, nei yn 2006 al in kear de twadde priis wûn te hawwen.

It Limburchsk Museum yn Venlo wijde fan septimber 2016 oant febrewaris 2017 in oersjochtentoanstelling oan it wurk fan Kusters, besteande út cartoons en skilderijen. Yn it Nederlands Stripmuseum yn Grins wie in oersjochtenstoanstelling oer Toos & Henk fan maaie 2017 oant febrewaris 2018.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 'Paul Kusters', op rkd.nl, besjoen op 8 febrewaris 2022.
  2. 'Paul Kusters ontwierp de vastelaovesposter 2022: ‘Als ik iets zou willen maken wat de mensen verwachten, had ik beter timmerman kunnen worden’', op limburger.nl, 8 febrewaris 2022.