Park Güell

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De yngong fan it park

Park Güell, is in stêdspark yn it Spaanske Barselona yn it stêdsdiel Gràcia, en hat, neffens de gemeentlike oantsjutting yn it park sels, in oerflakte fan 15 ha.

Eusebi Güell, lid fan in rike en aadlike famylje joech Antoni Gaudi yn 1900 de opdracht foar de oanlis fan in soartemint túndoarp op in braak lizzend stik lân yn it noardeasten fan de stêd Barselona.

Gaudi naam dizze opdracht mei beide hannen oan, omdat it him yn steat stelde syn ideeën oer in op de natoer ynspirearre boukeunst foarm te jaan. Dat liede û.o. ta út stiennen waaksende pergola's, harmonieusk yn it lânskip yntegrearre treppen en paden en oeral weagjende, mei in soad kleuren, mozaykfersieringen, dêr't Gaudí de rûnom oanwêzigens fan God mei ta útdrukking bringe woe. Markante ûnderdielen fan it park binne de yngong mei de portierslôzje en portierswente, it stek, de pyldersgalerij, de dûbele trep mei Salamander (ek wol as Draak betitele) en de grutte, weagjende sitbank. Sawol sitbank as Salamander bestean út in letterlik ûntelber tal mozaykstikjes.

De eardere portierslôzje, oan de linkerside fan de yngong, is te besjen omdat dêryn de sûvenirwinkel fêstige is. De eardere portierswente, oan de rjochterside fan de yngong, herberget it kantoar fan de parkgidsen en is hiel soms tagongklik.

Yn earsten wie it Park Güell as wenwyk bedoeld. Dat waard lykwols gjin sukses: der waarden mar twa huzen ferkocht en boud.

Yn it park stiet ek it Casa Museu Gaudi, in lyts Gaudi-museum.

It park is in tiidrek fan 14 jier boud, en stiet sûnt 1984 op de list mei wrâlderfguod fan de UNESCO

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Parc Güell en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.