Springe nei ynhâld

Panteleimon-kleaster

Ut Wikipedy
Panteleimon-kleaster
Άγιος Παντελεήμων
Монастырь Святого Пантелеймона
Lokaasje
lân flagge fan Grikelân Grikelân
plak Agio Oros 603 86
koördinaten 40° 14' N 24° 12' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 11e iuw
oprjochter Russyske muontsen
patroanhillige Sint-Pantaléon
Ynformaasje bou
boujier 19e iuw
Webside
esphigmenou.com
Kaart
Panteleimon-kleaster (Atos)
Panteleimon-kleaster

It Panteleimon-kleaster (Russysk: Монастырь Святого Пантелеймона, Gryksk: Μονή Αγίου Παντελεήμονος, Moní Agíou Panteleímonos), ek bekend as "Rossikon" (Russysk: Россикон, Rossikon, Gryksk: Rossikón), is in Russysk-otterdoksk kleaster op it súdwestlike diel fan it skiereilân Atos yn Masedoanje, Noard-Grikelân. It wurdt faak oantsjutten as "Russysk" en hat histoaryske en liturgyske bannen mei de Russysk-Otterdokske Tsjerke, mar it kleaster falt lykas alle oare monastike delsettings op Atos ûnder de tsjerklike jurisdiksje fan it Oekumenyske Patriargaat fan Konstantinopel. Alle muontsen fan it kleaster binne, meastentiids naturalisearre, boargers fan Grikelân.

It Panteleimon-kleaster is it njoggentjinde kleaster yn de hiërargy fan 'e Atos-kleasters.

It kleaster waard stifte troch ferskate muontsen út de Kiëvske Rus yn 'e 11e iuw en dêrom stiet it bekend as it "Rossikon". Yn bepaalde perioaden fan 'e skiednis wiene de bewenners fan it kleaster fral Russen, mar doe't harren heitelân slim te lijen hie ûnder de Mongoalske ynfallen wiene hja in minderheid yn it kleaster en befolken Serven en Griken it kleaster. Yn 1169 waard it as in selsstannich kleaster erkend.

Yn 'e rin fan 'e skiednis waard it kleaster ferskate kearen troch grutte brannen ferneatige. Sa waard it kleaster yn 1307 troch Katalaanske piraten oanfallen. Under it Turkske bewâld hie it kleaster it sa dreech, dat it hast folslein ferlitten wie. Dan foel it kleaster mei oare kleasters ûnder de hoedersskip fan 'e hillige mienskip fan Atos.

De 19e iuwske katolikon.

Doe't de Russyske admiraal Fjodor Usjakov nei syn oerwinning op 'e Turken yn 1774 mei syn fregat yn it eastlike diel fan 'e Middellânske See fear, stelde de admiraal it kleaster ûnder syn beskerming. Tsarina Katarina de Grutte wie it dêr mei iens en naam it kleaster op 'e noed. De muontsen dy't it âlde kleaster yn 1765 ferlitten hiene, ferhûzen nei in nij kleaster tichteby de kust. Benammen yn 'e earste desennia fan 'e 19e iuw waard it kleaster aloan fergrutte. De oan 'e hillige Panteleimon wijde katolikon, de haadtsjerke fan it kleaster, waard tusken 1812 en 1921 boud. It kleaster waard hieltiten útwreide en ek it tal muontsen naam ta, sadat it Rossikon ta it grutste kleaster fan Atos rekkene wurde koe. Foar de Russysk-Turkske Kriich fan 1877-1878 spile it kleaster in wichtige rol by de nea útfierde Russyske plannen om op Atos, dat oant 1912 noch by it Osmaanske Ryk hearde, Russyske en Bulgaarske koloanjes te stiftsjen.

Nei't de Turken de ôftocht blaasden, begûn nei in lange tiid fan ôfwêzigens de massale yntocht fan Russyske muontsen. Yn 1895 wiene der al likernôch 1000 muonsten fan Russyske komôf, yn 1903 wiene dat 1466 en yn 1913 wiene der al mear as 2000. De ferfolging fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke troch Lenin en Stalin liet it tal Russyske muontsen nei de Oktoberrevolúsje wer drastysk sakje. Under de Grykske militêre diktatuer fan 1967 oant 1974 waard it Russyske muontsen net tastien in besite te bringen oan it kleaster.

In grutte brân op 23 en 24 oktober 1968 ferneatige likernôch de helte fan it kleaster. n 1973 telde it Rossikon noch mar 20 muontsen, mar sûnt de fal fan 'e Sovjet-Uny wurdt de monastike mienskip wer grutter en hat it fral in jonge kleasterbefolking. Vladimir Pûtin wie de earste Russyske presidint, dy't op 9 septimber 2005 it kleaster besocht.

It kleaster hat in reputaasje fanwegen de klokken. De grutste klok weacht 13 ton en hat in diameter fan 2,7 meter. Yn 'e bibleteek binne 1320 manuskripten, dêrfan 600 yn it Slavysk, en mear as 20.000 boeken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Rossikon



Kleasters fan Atos

Agiou Pavlou-kleasterDionysiou-kleasterDochiariou-kleasterEsfigmenou-kleasterFiloteou-kleasterGregoriou-kleasterHilandar-kleasterIviron-kleasterKarakallou-kleasterKleaster Megisti LavraKonstamonitou-kleasterKoutloumousiou-kleasterKsenofontos-kleasterKseropotamou-kleasterPanteleimon-kleasterPantokratoros-kleasterSimonopetra-kleasterStavronikita-kleasterVatopedi-kleasterZografou-kleaster
· · Berjocht bewurkje