Operaasje Bodenplatte
Appearance
Operaasje Bodenplatte wie in loftoanfal fan de Dútske Luftwaffe op fleanfjilden fan de alliearden yn Nederlân, Belgje en Frankryk op 1 jannewaris 1945 tidens de Twadde Wrâldkriich. De bedoeling wie om de alliearde loftmachten sa te ferswakjen dat it Dútske leger en de Waffen-SS it Ardinnenoffinsyf trochsette koenen. De operaasje wie pland foar 16 desimber 1944 mar koe om it minne waar pas op Nijjiersdei útfierd wurde.
De Dútsers slaggen deryn in protte alliearde fleanmasines op de grûn te ferneatigjen, mar om't hja sels in protte piloaten ferlearen en yn de loft eins nea de oerhân krigen, wie de skea by einbeslút grutter as de winst. Bodenplatte wie it lêste grutskalige offinsyf fan de Luftwaffe tidens de kriich.
Kategoryen:
- Militêr treffen yn 1945
- Militêr treffen yn de Twadde Wrâldkriich
- Skiednis fan Nederlân
- Skiednis fan Belgje
- Skiednis fan Frankryk
- Militêr treffen fan Dútslân
- Militêr treffen fan it Feriene Keninkryk
- Militêr treffen fan de Feriene Steaten
- Militêr treffen fan Kanada
- Militêr treffen fan Nij-Seelân
- Militêr treffen fan Poalen
- Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich
- Belgje yn de Twadde Wrâldkriich
- Frankryk yn de Twadde Wrâldkriich
- Feriene Keninkryk yn de Twadde Wrâldkriich
- Feriene Steaten yn de Twadde Wrâldkriich
- Kanada yn de Twadde Wrâldkriich
- Nij-Seelân yn de Twadde Wrâldkriich
- Poalen yn de Twadde Wrâldkriich