Olympyske Flagge

Ut Wikipedy
Antwerpen Flagge
Osloflagge

De Olympyske Flagge is de flagge dy't brûkt wurdt foar it Ynternasjonal Olympysk Komitee en alle eveneminten dy't dêrmei te krijen hawwe. It is in flagge mei in wyt fjild mei dêrop it Olympysk Symboal: fiif ringen mei elts in oare kleur, dy't ûnderling ferfrissele binne.

Fiif as seis Spulllen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wie al in ûntwerp foar in Olympyske flagge makke, mar dêr hie noch net in meartal fan it kommitee foar keazen. Yn 1913 fierde De Coubertin in Olympysk Symboal yn, yn syn skriuwwurk. Yn earsten wie dat in rychje fan fiif ringen neistinoar, mar stadichoan waarden it fiif ferfrissele ringen yn in zigzag. Dy fiif ringen symboalisearren de fiif moderne Olympyske Spullen fan dat stuit. Strikt naam, hienen der op dat stuit al seis Spullen west, mar de tuskenlizzende spullen fan 1906 hie er it net mei iens west, en om't dy spullen krekt as de earste yn Atene hâlden wurden waarden, koe er sizze dat der fiif plakken west hienen mei Olympyske Spullen. Ein fan it jier liet en in flagge mei dat patroan makkke, foar it Olympyske Kongres fan 1914 yn Parys.

First flag with Olympic Emblem

Ynfiering fan de flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dy earste flagge hie in flagge út twa stikken west. Yn 1914 liet er yn Parys nei syn sizzen lykwols 500 flaggen foar it kongres meitsje. Dêrfoar waard spesjaal in masine makke dy't sa'n grutte flagge mei safolle kleuren dwaan koe. De flagge is 90 x 150 cm. Dy kleuren: It Wyt fan it fjild en de kleuren Blau, Giel, Swart, Grien en Rea; dy fertsjinwurdigjen de kleuren fan alle flaggen fan de wrâld. Sa waarden alle eveneminten fan it kongres mei al dy kleuren beflagge.

1920 - 1986

Flagge fan it Olympyske Beweech[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lju wiene o sa enthouisast oer de flagge. Op de gearkomste fan it kongres waard de flagge oannaam as flagge fan it Olympyske Beweech. Alteast, sa waard dat sein by de folgende gearkomste: De spullen fan Antwerpen fan 1920. Der is lykwols gjin ferslach fan dy gearkomst fan 1914, om't daalks dernei de Earste Wrâldkriich útbarste. Der hat dêrmei nea in befêstiging west dat de flagge doe oannaam is. Oarsom, yn Antwerpen wienen der gjin protesten oer. Wêr't al dy flaggen nei it kongres bleaun binne, is net wis. Grif hawwe de lju fan it kongres der wat fan meinaam, en it kin goed sa wêze dat in protte meibrocht binne nei Antwerpen. Der binne guon stelle. Yn alle gefallen wie Harry Prieste yn in flaggemêst klommen en hie er de flagge meinaam. Yn 2000 joech er de flagge lykwols werom oan it YOK.

1986 -

Bysûndere Flaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Antwerpske Flagge wurdt, as wie it in stêf-rin trochjûn tusken de organisatoren fan de Simmerspullen.
  • De Osloflagge wurdt, as wie it in stêf-rin trochjûn tusken de organisatoren fan de Winterspullen.
  • De Flagge fan de Spullen, is in ekstra grutte flagge dy't oan it begjin fan de spullen troch acht lju horizontaaal it stadium yn droegen wurdt (sûnt Rome 1960). De flagge wurdt yn it stadium hyst foar de doer fan de spullen, en strutsen oan de ein om oan te jaan dat de spullen foarby binne.
  • Flaggen foar alle dielnimmers wurden it station yndroegen by de iepening, en nochris by it sletten.