Olympysk Stadion (Amsterdam)
Olympysk Stadion | ||
stadion | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Amsterdam | |
plak | Amsterdam | |
koördinaten | 52° 20′ 36″ N, 4° 51′ 15″ W | |
algemiene ynformaasje | ||
type | atletykstadion | |
kapasiteit | 22.500 | |
type oerflak | gers | |
bou | ||
boubegjin | 1927 | |
iepening | 28 july 1928 | |
renovearre | 1998-2000 | |
kaart | ||
It Olympysk Stadion fan Amsterdam waard boud yn 1928, foar de Spullen fan de IXe Olympiade, neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Jan Wils. It hie doe plak foar 31.600 taskôgers. It stadion hat ek in toer, de Maratontoer, fan 42,195 meter heech. Op dy toer stiet in fjoerskeal dêr't yn 1928 foar it earst it Olympysk Fjoer yn baarne.
Nei de Spullen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1987 wie de gemeente Amsterdam fan doel en brek it stadion ôf. Dat waard lykwols noch krekt opkeard troch Monumintesoarch. Tusken 1996 en 2000 waard it stadion, dat yn de tuskentiid slim fertuteaze wie, yngreven opknapt. Dêrby is âl it felodroom weihelle. Hjoed de dei wurdt it stadion wer brûkt foar lytse en gruttere eveneminten, faak mei in Olympysk sportkarakter en der húsmanje sa'n tritich selsstannige ûndernimmingen. Fan 2005 oant 2014 wie der ek in sportmuseum, de Olympic Experience Amsterdam.
It Olympysk Stadion yn 1928
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Maratontoer