Oleg Antonov

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stamp of Ukraine s708.jpg

Oleg Konstantinovitsj Antonov (Russysk: Олег Константинович Антонов) (Troizi (by Moskou), 7 febrewaris 1906 - Kiev, 4 april 1984) wie in fleanmasinebouwer yn de Sowjet-Uny. Hy wie de earste direkteur fan it Oekraïnsk bedriuw Antonov, dat letter nei him ferneamd waard. Antonov hat ûntwerpen fan in tal súksesfolle fleanmasines en sweeffleanmasines foar sawol boargerlik as militêr gebrûk op syn namme brocht.

Wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Doe't Antonov 18 jier wie ûntwurp er syn earste fleanmasine, in sweeffleanmasine, de Golub. Twa jier letter waard er studint oan it Polytechnysk Ynstitút fan Leningrad dêr't er yn 1930 ôfstudearre. Yn sy stúdzjetiid gie er fierder mei de ûntjouwing en bou fan sweeffleatugen en syn ôfstudearjen kaam yn tsjinst by it sweeffleantúchfabryk Osavaichim yn Moskou. Fan 1933-1938 wie er ûntwerper yn it fabryk yn Toesjino. Oant de Twadde Wrâldkriich ta ûntwurp Antonov mear as 30 sweeffleantugen. Yn de oarloch wurke er oan militêre tastellen foar de Sowjet-Uny.

RR5110-0072R.gif

In 1946 begon Antonov een eigen bedrijf yn Nowosibirsk, Antonov ASTC, en 1947 produsearre er syn earste fleantúch, de Antonov An-2, in dûbeldekker ornearre foar lânboudoelen. Dat tastel die bliken ien fan de meast breed ynsetbere en robúste fleanmasines fan de wrâld te wêzen. Yn 1952 ferhuze it bedriuw nei Kiev yn Oekraïne dêr't er útein sette mei it ûntwerpen fan in rige fleantugen mei mear as ien motor. Mei de Antonov An-12 wûnt hy en syn team lang om let de tige begearlike Leninpriis. Antonov lei him spesjaal ta op it ûntjaan fan robúste transportfleantugen dy't gaadlik foar alle waarsomstannichheden en lokaasjes wiene. Yn 1956 ûntfong er foar de twadde kear de Leninpriis, diskear foar de Antonov An-22 dy't by de presintaasje op de Paryske loftfearttentoanstelling it grutste frachtfleantúch fan de wrâld wie. De 6-motoarige Antonov An-124, it grutste massaal makke fleantúch ea, wie in grut súkses en de kroan op de karriêre fan Oleg Konstantinovitsj Antonov. Njonken de Leninprizen krige er by syn libben noch twaris de Oarder fan Lenin en waard er beneamd ta Held fan de Sosjalistyske Revolúsje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]