Oerlis:Sudergoa

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dit doocht net, minsken. Wy sizze no dat Sudergoa him omfoarme hat ta Greefskip Starum, wylst it ek yn de tuskentiid part fan Greefskip Mid-Fryslân west hat. Soe dat strike, dan heart dêr in útlis by. Aliter 3 jun 2009, 21.50 (CEST)[beäntwurdzje]

Wat ik der fan begryp wie der it goa mei de namme Sudergoa dy't betiden ek Starum neamd waard, mar dêr't fan de 13e ieu ôf net langer mear sprake fan wie, omdat it dan by Westergoa rekkene wurdt. Neffens my hat dyn oanfolling it der net dúdliker op makke. --Geoffrey 3 jun 2009, 23.06 (CEST)[beäntwurdzje]
  • Op de side stiet net dat it by tiden "Starum" neamd waard, mar dat it as "Greefskip Starum" oantsjut waard. Hoe kin it in Greefskip west hawwe at it tagelyk part fan greefskip Mid-Fryslân wie?
  • Wêrom der nei de 13e ieu net mear skreaun wurdt oer Sudergoa, en ek net oer Greefskip Starum, dat is sa fier ik wit net delskreaun, dat it bliuwt in ûnderstelling.
    • Hoefolle gebiet Sudergoa ferlern hat oan de ferbining fan Waadsee en Sudersee, dêr bin ik net wis fan: At de Flystream de grins fan Midden-Fryslân wie, en as Starum in haven hie oan de Flystream, hoefolle lân hat der dan nei it westen west?
    • De ûnderstelling dat de twa dielen fan Sudergoa Wymbrits en Boarnegoa wienen stiet ûnder oaren yn de EfF.
  • Goed dat it net dúdliker woarn is fan myn oanfolling: Dy oanfolling hie as doel it minder dúdlik te meitsjen, of eins, it minder wis te meitsjen.
  • Dat Sudergoa fan de 13e ieu by Westergoa rekkene wurdt, dat witte wy net, om't wy net witte wat der earder ta Sudergoa rekkene waard. Wat wy al witte is dat it lân Wymbrits dan ta Westergoa rekkenne wurde, dat dat haw ik der by set.

No't ik der nochris oer tink: De Grutte Stoarm wie earst yn de 13e ieu, dat wêrom soe it lânferlies earder Sudergoa yn Greefskip Starum feroare hawwe?
Eat mei dat Greefskip Starum is oars as wat wy hjir skriuwe. Aliter 4 jun 2009, 01.01 (CEST)[beäntwurdzje]

Yn de 11e ieu bestjoere de Brunoanen Greefskip Mid-Fryslân. De munthuzen wiene yn Starum (foar Sudergoa?), Boalsert (foar Westergoa?), Ljouwert (‘tuskenstasjon’ en handelsplak tusken de go-en?) en Dokkum (foar Eastergoa?). Miskien omdat yn dizze plakken de handel wie, sa dat se net safolle mei it jild moaste slepe en/of de “haadplakken”fan de goa-en. Mooglik hat Aldeboarn ek muntrjocht hân, út de 11e ieu is der in munt fûn mei it opskrift 'Bordnere'. Wa sil it sizze? Sneuper 3 april 2010, 17.09 (CEST)