Oerlis:Slach by Skoattersyl

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

It bliuwt in lêstich putsje om genôch ynformaasje byinoar te sykjen en it artikel út te wreidzjen boppe it nivo fan in stobbe. Wêr't ik noch hieltyd mei sit is de fraach wêrom Albrecht fan Beieren nei syn oerwinning werom gong. Dat woe ik der noch graach yn hawwe. Wat wit genôch fan dizze skiednis om it oan te follen? --Geoffrey 5 nov 2008, 20.43 (CET)[beäntwurdzje]

De side twivelet no in bitsje tusken ien dei en twa dagen. At hjir in boarne foar is, dan soe it ek yn de datum te sjen wêze moatte; as net, dan bin ik der net wis fan at wy it opnimme moatte. Aliter 6 nov 2008, 01.56 (CET)[beäntwurdzje]

Wat hiet in boarne, ik haw it lêzen op: [[1]] --Geoffrey 6 nov 2008, 15.45 (CET)[beäntwurdzje]