Oerlis:Römerbrücke (Trier)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ferfrysking[boarne bewurkje]

@RomkeHoekstra: Goeie. De ferfrysking soe neffens my "Romeinebrêge" wêze moatte; "Romeinske Brêge" soe yn it Dútsk dochs grif Römische Brücke wêze? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 sep 2023, 00.30 (CEST)[beäntwurdzje]

As jo neffens de namme redenearje ha jo hielendal gelyk, mar yn dat gefal hie ik better de offisjele namme oanhâlde kinnen. Ik tocht juster spontaan om dochs mar foar in Fryske titel te kiezen, mar faaks is it dan dochs better om de Dútske namme te brûken. De Römerbrücke is in Romeinske brêge en dêr is der mar ien fan yn Trier, dêrom seach ik mei Romeinske brêge (Trier) gjin probleem. As jo neffens de namme redenearje soe it yn it Nederlânsk dan Romeinenbrug wêze moatte. Ik ha nyskrekt eefkes sjoen of dy namme ek foarkomt, mar yn 'e de earste google-resultaten hjir, hjir, hjir en hjir ha se oeral keazen foar Romeinse brug. Fan my mei it werom nei Römerbrücke as jo dat leaver ha, Romeinebrêge fyn ik earlik sein net echt foar de hân lizzen.--RomkeHoekstra (oerlis) 29 sep 2023, 09.53 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Nee? Ik fyn Romeinebrêge no krekt wol aardich klinken. Tsja, "Romeinske brêge" is eins in omskriuwing, net in ferfrysking. As jo Romeinebrêge net brûke wolle, dan soe ik derfoar kieze om it yn it Dútsk stean te litten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 sep 2023, 00.28 (CEST)[beäntwurdzje]