Oerlis:Feanstersk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

It Feensters is dea/libbet/is in sombytaal/noch wer oars[boarne bewurkje]

Dat "regiolekt mei wat Fryske eleminten" der't yn it artikel rede fan is, dat liket hjoed de dei gewoan foar "Feensters" troch te gean. Yn in enkête dy't koarts hâlden is, waard der nei de behearsking fan it Feanstersk frege. 40% fan de Feanster respondinten joech aan dat hja it "in soad" brúkten. Dat kin noait oer disse âlde taal gean. Soenen we faaks twa ferskate artikels opstelle, Ald-Feanstersk en Nij-Feanstersk, of dy nije taal hjir wat útfieriger behannelje? Steinbach (oerlis) 23 sep 2023, 16.13 (CEST)[beäntwurdzje]

Jo hawwe in punt, mar foar in útfieriger behanneling moatte we wol boarnen hawwe, en dêr ûntbrekt it oan. Los dêrfan wol ik de útkomsten fan dy enkête hjir bêst even neame. Dat is gjin probleem. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 sep 2023, 16.18 (CEST)[beäntwurdzje]