Meidogger oerlis:Steinbach

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Tank foar dyn wolkom! Jo ek wolkom hjir, WanabeFrysk! Cicero 21.16, 28 mar 2005 (UTC)

Streektalen[boarne bewurkje]

Ja, dat is sa, mar it hie ek "IEN kriterium" wêze moatte. It mei ek wat oars wurde; iIt giet der gewoan om dat ik in bredere list meitsje wol as wat heger op de side stiet, mar dat ik al in kriterium hawwe moat om net elts idiolekt opnimme te moatten. (Ik haw it noch wat oanpast.) Aliter 19.33, 23 apr 2005 (UTC)


  • Tankewol foar dyn stikje, WanabeFrysk. Ik moat sizze, dû likest my in echt taalwûnder ta datst dy mei sa'n 10 talen dwaande hâldst!

Hast gelyk; myn stikjes kinne wat langer. Mar men moat earne begjinne. Wy prate neeje wike wol ris wer! De jûkte.

Tank foar dyn wolkomsberjocht![boarne bewurkje]

Goeie Wol-graach-Frysk-wêze (s.e.b.a.: Caesarion) ... tank foar dyn wolkomsberjocht! Ik doch ik sil mar ea sjen eat of dêr hjir te dwaen is... (ik hoop da'j't 'n bietjen lesen kan waant myn Vriese spelling is bar slecht haha!) Groetnis: Servien 11.28, 19 okt 2005 (UTC)

Kees, ik sis dy, tink dêr yn it ferfolch sels ek ris om...:))[boarne bewurkje]

No Steinbach, dan sille jo tenei gjin lest mear fan my ha, der is no in meidogger minder Swarte Kees 19.18, 19 okt 2006 (CEST)


APS (ante-post scriptum): sil de titel user page net feroaret moatten wurde nei meidoggerside, it stiet sa frjemd yn it Ingels?

oanpast. Theun 18.43, 19 okt 2005 (UTC)

PS: s.e.b.a. - stiet ek bekint as

Goeie WanabeFrysk. Ik haw de ynstelling-rie side foar it grutste part oerset yn de styl fan it dookjen (sekers noch net sûnder flaters), gewoan om ris te besykjen nei oanlieding fan jo dyn opmerking fan in pear moanne lyn. Ik woe it eins mar feroarje yn de styl fan it jookjen mar kinst it no noch besjen yn de styl fan it dookjen.Theun 18.43, 19 okt 2005 (UTC)

Tank foar dit berjocht Theun! Wat my oanbelanget mei it wol sa bliuwe... :-) WanabeFries Velim, non opto 15.44, 20 okt 2005 (UTC)

Dat wie dan jo earste aksje as behearder, leau'k. Oant no ta wie it sa dat foar in daalks wiske side in útlis op Wikipedy:Siden wiskje skreaun waard, mar mei dat wiskloch soe dat no ek sûnder kinne.

Noch wat oars: At jo it yn sa'n gefal wat oan tiid hawwe, dan kinne jo ek sels in stobbe skriuwe, en der {{stobbe}} op sette. Dan leart de makker fan dy side faaks ek wat er al skriuwe kin. Aliter 04.43, 14 nov 2005 (UTC)

Indied, dat wie myn earste aksjke as behearder. Ik skreau doe't ik noch gjin behearder wie faak in stobbe, om't dat dan noch de betste manier wie om fan ûnsin of te kommen. Ik fertrou myn Frysk einlik net genoch om der samar in stobbe fan te meitsjen. Mar jo hawwe fansels gelyk dat it skriuwen fan in stobbe wat konstruktiver is... WanabeFries Velim, non opto 12.04, 14 nov 2005 (UTC)

Hâldt dan leaver mar fêst oan jo stobben, fral yn sa'n gefal as dit wêr't it de earste bydrage fan die meidogger is, en wat er skreaun hat al wat mei it mêd fan dwaan hat. De Wikipedy waakst fierder, en soe de earste skriuwer ris werom komme, en wy moatte dochs oannimme dat guon dat al dogge, dan sjocht er hoe't de Wikipedy fierder bout op in lyts begjin. It is fansels wat oars as de titel fan de side op sich ûnfatsoenlik is of soks.

Wat dy flaters oanbelanget: wêz mar net te benaud. Dit is de Wikipedy; alle flaters wurde ier as let fûn en weihelle. As jo jo tekst slim betwivelje, skriuw dan eat as "Stobbe; moat noch neisjoen wurde." by de gearfetting, dan witte lju dy't de feroarings besjen dat dêr noch wat wurk oan is.

No, ik hoopje jo hawwe hjir wat oan. Dit soe earne op mienskipsside stean moatte; faaks is it wat foar de wisk-rie-side. Fiel jo frij en skriuw der dêr wat oer, at dat net in trochferwizingsside is. Aliter 20.05, 14 nov 2005 (UTC)

ynterwiki's & taalberjocht[boarne bewurkje]

Goeie WanabeFrysk! Dat is in goede opmerking fan jo, oer dy ynterwiki's. Dêr sil ik yn 't ferfolch (wat mear) om tinke.

Oer it taalberjocht. Ik haw dêr "Ingelske namme" by set om't my dat wol handich talike as wy aanst oan wat ûnbekendere talen takomme. Ik haw bygelyks ea ris in stikje skreaun oer it Liifsk, dat sprutsen wurdt yn Letlân. As ik dêr oan ta kom, wol ik dêr ek in Fryske wikipediaside oer meitsje en dan like it my wol handich dat men dan fuort sjen kin dat dy taal yn it Ingelsk "Livonian" hyt. Jo hawwe fansels gelyk dat it foar dialekten fan it Frysk en Nedersaksysk neat tafoeget. Mar dy sel stiet no ienris yn dy tabel en ik wol eins graach ien standerttabel by talen brûke. Dat dêrom wol ik dat eins mar sa litte sa't it no is.

Ik lês jo opmerkings nochris oer om te sjen at ik alles beantwurde haw, en no liket it my by neier ynsjen wol ta dat jo net freegje wêrom't der überhaupt in sel mei "Ingelsk namme" yn dat taal-berjocht sit (dat haw ik dus hjirboppe beantwurde), mar wêrom't dy sel net "Nederlânske namme" is. Mocht dat jo fraach wêze, dan sil ik dy ek noch even beantwurdzje. Dêr haw ik nammentlik trije redens foar.

1. Yn it foarste plak wike de Ingelske nammen faak mear fan it Frysk ôf as de Nederlânske (ferlykje by boppesteand foarbyld de nammen Liifsk-Lijfs-Livonian). Mei oare wurden, de Nederlânske nammen kinne yn 'e measte gefallen wol fan it Frysk ôflaat wurde.

2. Tsjintwurdich kin hast elkenien wol wat Ingelsk lêze en mei't der yn it Ingelsk folle mear ynformaasje op it ynternet (en ek yn de wikipedia) te finen is as yn it Nederlânsk, liket it my it handichst om mei de Ingelske namme daliks oan te jaan hoe't men it bêste fierdere ynformaasje fine kin (bygelyks by Google).

3. En ek fyn ik dat de Nederlânske ynfloed yn it Frysk al grut genôch is, en dat wy op 'e Fryske wikipedia sa min mooglik Nederlânsk brûke moatte.

Ik hoopje dat ik sa al jo fragen beantwurde haw. Sanet, dan witte jo my te berikken. Woadan 14.26, jan 16, 2006 (UTC)

Tankewol Wodan, dat si wol dúdlik sa. Allinnich oer it tride punt: fansels moatte we hjir besykje in bitsje echt Frysk te skriuwen, om't yndied it Frysk wat je op strjitte hearre net echt suver is. Dat is noch wat oars as de ynfloed en de onwÊzichheid fan it Nederlânsk yn Fryslân ûntkinne of weistoppe (?) te besykjen. Sa rinne je trouwens ek it risiko der in soart keunstaalke fan te meitsjen. Litte wy foaral net dwaan of it Nederlânsk foar it Frysk net fan belang is. Dy filosofy haw ik in bytsje oernimmen fan it Limburchsk en de Limburchske Wikipedy: de lju dy't har dwaande hâlden my it kultivearjen fan dy taal operearjen dochs foaral fanút de filosofy dat de norm foar in streektaal dochs foaral by de sprutsers list, en net troch in ynstituut faststelle wurde moat. WanabeFries 15.35, jan 16, 2006 (UTC)
Akkoart. Dêr hawwe jo ek wol wer gelyk oan. Hoewol't ik noch al sizze wolle soe dat ûntkenne fan 'e ynfloed fan it Nederlânsk net alhiel itselde is as moedwillich Nederlânsk op Fryske wikipediasiden op te nimmen. Mar hawar. Woadan 09.23, jan 18, 2006 (UTC)

Wa(t) wolle jo wêze?[boarne bewurkje]

At it jo der net om giet dat jo Frysk wêze wolle, mar mear dat jo net in Fries binne, dan is der no in behearside om meidochnammen te feroarjen. Sjoch der dan al nei at jo al as net dy útsûnderlike stavering fan "wannabe" sa hâlde wolle. Aliter 00.09, apr 4, 2006 (UTC)

A, tankewol Aliter, dêr sil ik noch efkes oer neitinke. Ja krekt, jo as rjochtenútfurder moatte dat no kinne. Ik haw deselde side op de Limburchske Wikipedy. WanabeFries 08.36, apr 11, 2006 (UTC)

Kollumerland[boarne bewurkje]

Hallo,

Ik ben niet Friestalig, maar ik had even een vraag.

Hoe zeg je: Kollumerland en Nieuwkruisland in het Fries? Deze Friese naam wil ik dan graag toevoegen aan de Nedersaksische pagina van de gemeente. 81.205.234.85 12.03, apr 13, 2006 (UTC)

Kollumerland is iig Kollumerlân, van Nieuwekruisland bestaat nmw geen officiële Friese naam; Nijekrúslân is de voor de hand liggende letterlijke vertaling. WanabeFries 13.57, apr 13, 2006 (UTC)
"Nieuwekruisland" is "Nijkrúslân"." Mar "Kollumerlân en Nijkrúslân" soe tink allinnich brûkt wurde at der in juridysk korrekte oersetting makke wurde moast. De gmeente brûkt op himsels Nederlânsktalige nammen. It Nijkrúslân is it gebiet fan dy namme, en fierder werom yn de skiednis hat it ek in skoftke in gritenij apart west. Mar de gemeente liket altiten gewoan "Kollumerlân" te wêzen. Aliter 22.19, apr 14, 2006 (UTC)

Rob van Hintum[boarne bewurkje]

Dy Rob van Hintum dy't jo wiske hawwe, dy stie ek neamd op Crazy Brains. Jildt dat dan ek as reklame? Mysha

Lestich. Der hawwe we leau'k noch net sa'n dúdlik beleid foar as op nl:. Mar no keam der noch by dat it artikel yn it Hollansk wie, en at je alle Hollânske artikels dy't dochs wol op promoosje rjochte lykje stean litte en nei it Frysk oersette kinne je dwaande bliuwe. Of dat Crazy Brains op himsels ensyklopedy-fähig is haw ik noch et útsjoen, en ik haw it no eins efkes net oan tiid? Wolle jo dat faaks dwaan? Ik leau dat der op Wikipedy:Siden wiskje stiet wat de normale nominear-prosedure is. Groetnis WanabeFries 14.23, apr 18, 2006 (UTC)

Steinbach[boarne bewurkje]

Meidogger:WanabeFrysk is no Meidogger:Steinbach. Aliter 23.47, apr 18, 2006 (UTC)


Boppensteande werneamd fan Meidogger oerlis:WanabeFrysk.

Understeande op de nije side Meidogger oerlis:Steinbach.


WanabeFrysk[boarne bewurkje]

Meidogger:WanabeFrysk is no Meidogger:Steinbach. Aliter 23.49, apr 18, 2006 (UTC)

Graach dien. Aliter 00.05, apr 19, 2006 (UTC)

Byldhoukeunst[boarne bewurkje]

Ik sjoch dat net oars; dy keppeling hie net folle mei byldhoukeunst te krijen. Aliter 00.51, mai 22, 2006 (CEST)

Swarte Kees[boarne bewurkje]

Beste Steinbach, Ik bin noch mar in pear dagen dwaande mei Wykipedia. Om it ek kwa Frysk wat te ferbetterjen haw ik in tal fouten yn teksten ferbettere.It like my it koartste paad om soks fuortendaliks oan te passenFan de ôfspraak om gjin oanpassings yn oarmans teksten te meitsjen wist ik dan ek neat. Dank foar dyn tip, ik sil it tenei fia "oerlis" dwaan.

ynterwiki's[boarne bewurkje]

Der binne in soad redenen om mei te dwaan oan Wikipedia. De ien hatl in soad niget oan ien ûnderwerp , in oar hat it goed foar mei de lytse talen, in tredde wol safolle mooglik gegevens yn de ensyklopedy ha. Dan binne der ek minsken nedich dy’t alles yn goede banen liede. Alles bart meast út idealisme en yn frijheid. In betingst by Wikipedia is ek dat alles fan foarôf oertocht wurdt. Foar in behearder jildt soks nammers temear. As meidogger wurket oanmoedigjen better as it kritisearjen fan oaren. Ik hoop dat jo as studint ek in soad learmasters ha dy’t soks by jo yn praktyk bringe. Jo opmerking fan ferline wike skeat my yn it ferkearde kielsgat. It is my lang goed en minsken meie my ferbetterje wêr’t soks kin, mar at it net opbouwend giet wurdt Kees koart foar de kop. Dan is’t: Klear is Kees. It ferstân moat der lykwols by dat ik sil besykje om de trie wer op te krijen, mar it kostet wol muoite. No klear, wy hawwe it der mar net wer oer. Swarte Kees 16.21, 22 okt 2006 (CEST)

Hier hagenees[boarne bewurkje]

Hoi Steinbach, weer eens wat Nederlands hier, zat net in het Fries het stukje over De Haach te lezen, maar betekent "eartiids" zoiets als voorheen, in het verleden? In dat geval is het niet juist: Je hebt de Gemeente 's Gravenhage, die bestaat uit Den Haag, en verder stadsdelen zoals Scheveningen, Loosduinen ed.--Waxxzer 18.31, 13 nov 2006 (CET)

Ferlidiging??[boarne bewurkje]

Hoi Steinbach,

Sjochst hjir ek wêr sa no en dan. Betinkst ek nije fryske wurden, 'ferlidiging' haw ik nea fan heart en it stiet ek net yn it wurdboek. Ik nim oan datsto 'belediging' of 'mislediging' bedoelst. 'Ferlige' bestiet wol mar dat betsjut wer wat oars (lige om te mislieden).
Kinsto miskien ek it IP-nûmer yn it kommentaar stean litte, fyn ik altiten wol handich yn it wiskloch om te sjen at wy fan in IP-nûmer de lêste tiid mear siden wiske hawwe (wurdt it miskien tiid foar in blokje). Theun 21 jun 2007, 17.14 (CEST)[beäntwurdzje]

O sorry. Ik soe sweard (?) hawwe dat ik dat earne lêsd hie. Wat dy blokkade oanbelanget: dy fandaal hie in kwetsjend "artikel" skreaun oer immen oars, "... is een flikker" of soksawat. Dat is gans wat slimmer as in trochsnee-ûnsinartikel, dat is cyberpesten (?). Steinbach (WanabeFries) 22 jun 2007, 22.30 (CEST) en ja, ik moat ris in wurdboek keapje, wat mei student en te min jild en sa...[beäntwurdzje]

fy wiktionary behearder/sysop sought[boarne bewurkje]

Hi, Steinbach! Apparently the fy wiktionary has had no real sysop/behearder for a year now. I have put out a general distress call here. Is there any chance you might be able and willing to help out just a bit? Groet út Noard-Amearika; ik winskje dy in moaie dei. :-) Winter (Snakesteuben 22 apr 2008, 15.27 (UTC))

ik haw no offisjeel ien wurdboek 'Fries-Nederlands'. Is it aardich of net? Ik heapje dat myn Frysk is no net hieledal ferkeard. Groetnis --Hardcore-Mike 22 jun 2010, 14.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Midfrysk[boarne bewurkje]

Jûn,

It Frysk hat krekt lykas de Westgermaanske-talekloft namfallen hân. Sokke namfallen binne yn ferskate talen werom te finen, lykwols brûke de ûnderskate talekloften harren namfallen op oare wizen, sa ek it Frysk. It brûkme fan de âlde Fryske namfallen rint yn tiid en brûkme net lykop mei it Nederlânsk (better sein Dytsk of Nederfrankysk) en dêrom is de ferliking eins om 'e nocht en net sa relevant.
.
It brûken fan namfallen sjoch ik sels net as konservatyf ;-)
.
Gjin midfase yn in taal is ek 'suver nuver'. Yn de taalwittenskip wurde dy ferskillende tiidrekken as helpmiddel brûkt. It Frysk lit syn tiidrekken op ferskate wizen yndiele. Sa kin it wêze dat it tiidrek 1400-1550 somtiden ek as Midfrysk sjoen wurdt. Ik sil it dy sjen litte mei in lyts oersjoch:

  • Alde yndieling:
    • 1100-1550 Aldfrysk
    • 1550-1800 Midfrysk
    • 1800-no Nijfrysk
  • Nije yndieling
    • Runeskrift-1300 Aldfrysk
    • 1300-1550 Midfrysk
    • 1550-1800 ier-Nijfrysk
    • 1800-no Nijfrysk

De oantsjuttingsâld en nij ferwize nei publikaasjes. Yn de nijere publikaasjes wurdt de saneamde nije yndieling brûkt.
.
Dan is der ek noch wat mei oerlevere teksten tusken 1550 en 1800. Yn dy tiid dy't ik no mar Midfrysk neam is neffens in protte boarnen net sa'n soad skreaun. Dat is net wier. Der is altyd wol skreaun mar inkeld Japiks syn literêre wurk is fan in heger nivo. Yn dy tiid wurde bêst wol in protte brulloftsdichten, sprekwurden en lytse teltsjes skreaun, dêrneist wurde sonetten en psalmen oerset. Hja hawwe by de Fryske Akademy in korpus Midfrysk dy't se dêr aansen as basis brûke sille foar in wurdboek fan it Middfrysk. Inkeld op basis fan Japiks syn wurk kin men gjin akademysk wurdboek meitsje.
.
Ik set myn lytse ;-) útlis ek op de oerlisside fan it artikel Midfrysk del.

Mei freonlike groetnis, --Kening Aldgilles 16 aug 2010, 20.28 (CEST)[beäntwurdzje]

It Artikele 'East-Berchisk' op myn NL-Meidoggerpagnina[boarne bewurkje]

Goeie beste Steinbach,

ik haw hijr in nije artikele in it Frysk ferfryskje. Is my stavering en spraaklear best genôch? Hieledal tank en groetnis fan -- Hardcore-Mike 16 aug 2010, 21.46 (CEST)[beäntwurdzje]

Best genôch? --Hardcore-Mike 17 aug 2010, 20.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Bestannen oanbiede, Wizard uploade?[boarne bewurkje]

Wikimedia Commons logo

Hello! Sorry for writing in English. As you're an administrator here, please check the message I left on MediaWiki talk:Licenses and the village pump. Thanks, Nemo 18 sep 2014, 21.22 (CEST)[beäntwurdzje]

Nei Sinteklaas...[boarne bewurkje]

Bêste Steinbach. Ik sjoch út nei jo bydragen. Fannijs wolkom! Drewes (oerlis) 30 nov 2015, 17.40 (CET)[beäntwurdzje]

Tank Drewes! Ferwachtsje der net al te folle fan, ik kan noch hieltyd better Limboarchsk en Sieusk. Litte wy sizze dat ik "wêromkomme" sil... Steinbach (WanabeFries) (oerlis) 30 nov 2015, 17.47 (CET)[beäntwurdzje]
Meitsje jo net drok oer jo Frysk. Dat ferbetterje wy wol at it moat! Drewes (oerlis) 30 nov 2015, 17.56 (CET)[beäntwurdzje]

Invitation for Functionary consultation 2021[boarne bewurkje]

Greetings, Admins of the emerging community,

I'm letting you know in advance about a meeting I'd like to invite you to regarding the Universal Code of Conduct and the community's ownership of its future enforcement. I'm still in the process of putting together the details, but I wanted to share the date with you: 10/11 July, 2021. I do not have a time on this date yet, but I will let you soon. We have created a meta page with basic information. Please take a look at the meta page and sign up your name under the appropriate section.

Thank you for your time.--BAnand (WMF) 15:14, 10 June 2021 (UTC)

Funksjonearjen Wikipedy[boarne bewurkje]

Goeie. Der is diskusje ûntstien oer it funksjonearjen fan 'e Wikipedy (sjoch: Wikipedy:Oerlisside#Funksjonearjen fan de Wikipedy). We binne it der yn prinsipe oer iens dat de Wikipedy net tichttimmere wurde moat mei regels en dat "fiel jo frij" it útgongspunt bliuwe moat. Dat sein hawwende, hat der him in diskusje foardien wêrby't it net ferkeard liket as der dochs inkele grûnregels opsteld wurde soene. Of teminsten moat dêr ris serieus nei sjoen en oer diskusjearre wurde. Dêrfoar is oerlis/ôfstimming nedich en dat ferget de beskikberens en dielname fan 'e oare behearders.

Wat dat oangiet, sit der by Drewes en mysels wat âldsear oer hoe't oerlis mei de oare behearders yn 'e ôfrûne jierren ferrûn is. Der hat him ferskate kearen in lytse krisis foardien, wêrby't Drewes en ik Kening Aldgilles en Aliter oanskreaun hawwe, as de nestor en in meidogger fan 'e earste oere fan 'e Wikipedy, dy't boppedat ek de funksje fan rjochte-útfurder hawwe. Yn 'e regel kamen reäksjes lykwols as de krisis al foarby wie of soms hielendal net. Los dêrfan hat de oanhâldende ôfwêzigens fan 'e oare behearders ek foar frijwat argewaasje soarge.

De fraach fan Drewes en my, en ek fan fêste meidoggers Kneppelfreed, RomkeHoekstra en Tulp8, is no oft de oare seis behearders noch fierder wolle mei dit projekt. No moat it ek wer net sa wêze dat de Wikipedy in sekte wurdt dêr't je net mear fan loskomme kinne, en feroarjende omstannichheden yn it libben fan meidoggers kinne fansels ta oare ynteresses of prioriteiten liede. Mar as jo behearder binne, of behearder anneks rjochte-útfurder, dan bringt dat ek ferplichtings mei. It giet ús dêrom net inkeld om dielname oan dizze spesifike diskusje, mar om bliuwende belutsenens. Dy moat wat ús oangiet de foarm krije fan sichtbere oanwêzigens (troch it dwaan fan edits dy't ferskine yn "Koartlyn feroare"), teminsten ien kear yn 'e wike. Dit sadat Drewes en iksels tenei wat ûntlêstge wurde sille.

As de oare behearders net mear oan it projekt meidwaan wolle, fersykje wy harren hjirby om harren beheardersrjochten yn te leverjen en har nammen fan 'e list mei behearders te skrassen. Dan is yn elts gefal foar eltsenien dúdlik hoe't it lân derhinne leit. Want sa't it no giet, is it net goed. Jimme binne yn namme wol behearder, mar litte jim hjir frijwol net sjen. Dat kin sa net trochgean. Wy wolle graach jimme reäksje hjirop hearre. Om it spul net wer withoelang slepe te litten, soene we binnen in termyn fan twa wiken (dus uterlik 1 july) fan jimme weromhearre wolle. As jimme nei it lêzen fan dit berjocht it spul even beprakkesearje moatte, soene we graach in lêsbefêstiging fan dit berjocht hawwe wolle troch gewoan hjirûnder even te sizzen dat it sjoen is, sadat we in idee fan 'e fuortgong hawwe.

Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jun 2021, 23.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie Steinbach. Dat jo 'wer wat aktiver wurde wolle' ... adfys jaan wolle yn diskusjes ... út te sluten en foart te smiten wat der út te sluten en foart te smiten falt, en út en troch, al is it mar sporadysk, in artikel te skriuwen' bin ik bliid om. Fral dwaan. Groetnis Drewes (oerlis) 30 jul 2021, 17.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik slút my hjirby oan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jul 2021, 20.34 (CEST)[beäntwurdzje]
Tank Drewes en Ieneach Steinbach (oerlis) 30 jul 2021, 20.50 (CEST)! Ik heapje dan mar, dat jo ek bliid wurde fan de bydragen dy't jim de neiste tiid fan my te sjen krije. Steinbach (oerlis) 30 jul 2021, 17.41 (CEST)[beäntwurdzje]

Btw, hawwe jo de foaroankundiging fan ús nije behearder al lêzen? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jul 2021, 23.51 (CEST)[beäntwurdzje]

How we will see unregistered users[boarne bewurkje]

Hi!

You get this message because you are an admin on a Wikimedia wiki.

When someone edits a Wikimedia wiki without being logged in today, we show their IP address. As you may already know, we will not be able to do this in the future. This is a decision by the Wikimedia Foundation Legal department, because norms and regulations for privacy online have changed.

Instead of the IP we will show a masked identity. You as an admin will still be able to access the IP. There will also be a new user right for those who need to see the full IPs of unregistered users to fight vandalism, harassment and spam without being admins. Patrollers will also see part of the IP even without this user right. We are also working on better tools to help.

If you have not seen it before, you can read more on Meta. If you want to make sure you don’t miss technical changes on the Wikimedia wikis, you can subscribe to the weekly technical newsletter.

We have two suggested ways this identity could work. We would appreciate your feedback on which way you think would work best for you and your wiki, now and in the future. You can let us know on the talk page. You can write in your language. The suggestions were posted in October and we will decide after 17 January.

Thank you. /Johan (WMF)

4 jan 2022, 19.15 (CET)

Projekt WikiWomen[boarne bewurkje]

Rju achte Steinbach,

Resintlik is der in nij Europeesk projekt fan start gien mei de namme WikiWomen: in gearwurking tusken Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Fryslân oan de Fryske kant, dêrneist mei Wikimediaorganisaasjes en middelbere skoallen yn Ierlân yn Baskelân. De ynhâld fan it projekt is yn it koart dat der lesmateriaal ûntwikkele wurdt foar middelbere skoallen dêr’t skoalbern better troch skriuwen leare yn de doeltaal troch Wikipediasiden te skriuwen yn de doeltaal, spesifyk oer bekende froulju. It projekt hat in soad ferskate doelstellings: mear kennis fan de minderheidstaal ûnder de sprekkers; mear Wikipediasiden yn de minderheidstaal; mear Wikipediasiden oer froulju; kennis ûnder de skoalbern oer wêr’t ynformaasje op it ynternet weikomt, hoe’t Wikipedia wurket en hoe’t je kritysk sjogge nei de boarne fan ynformaasje op it ynternet.

In tiid lyn hat myn kollega Mirjam Vellinga in berjochtsje pleatst op de Fryske Wikipedia om te oriïntearjen en om in breder byld te krijen fan de Fryske kant fan Wikipedia. Doe hat sy koart telefoanysk kontakt hân mei ien fan jimme. Underwilens is it projekt offisjeel fan start gien. By dizze de fraach oan jo oft wy mei jo (en de rest fan de behearders, oan wa’t itselde berjocht stjoerd wurdt) yn kontakt komme kinne om it oer it projekt te hawwen en it reitsflak mei de Fryske kant fan Wikipedia. Faaks hawwe we wat oan inoar!

Foar mear ynformaasje oer it projekt kinne jo sjen op: https://afuk.frl/nl/tige-slagge-earste-partnerbyienkomst-wikiwomen-yn-ljouwert/ , https://www.fryske-akademy.nl/en/news-and-events/news-item/news/detail/mear-frysk-en-mear-froulju-op-wikipedia-troch-europeesk-projekt/

Graach hear ik fan jo,

Mei freonlike groetnis,

Welmoed Sjoerdstra Stazjêre Afûk Projekt WikiWomen

interface admin on stqwiki[boarne bewurkje]

Dear friends,
when I asked for adminship on the Saterfrisian Wikipedia, I unfortunately did not ask also for interface adminship. That means, at the moment there is no user on the Saterfrisian Wikipedia with the permission to change or install e.g. Javascript files or edit CSS. See also: w:stq:Spezial:Statistik. That's why I'm bothering you again with a voting: w:stq:Wikipedia:Weerskup#Interface_admin
Thanks again for your assistance Murma174 (oerlis) 14 jul 2022, 15.10 (CEST)[beäntwurdzje]