Rjazan (oblast)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oblast Rjazan)
Rjazan oblast

Костромская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
Federaal Distrikt Sintraal
Ekonomyske Regio Sintraal
haadplak Rjazan
grutste plak Rjazan
taal Russysk
sifers
ynwennertal 1.085.152 (2022)
oerflak 39.605 km²
befolkingstichtens 27,4 ynw./km²
Etnyske groepen Russen (88,98 %)
Oekraïners (0,77%)
stân 2010
oar
stifting 1937
tiidsône UTC +3
koördinaten 54° 24' N 40° 39' E
webside www.gov.ryazan.ru

De oblast Rjazan (Russysk: Рязанская область, Rjazanskaja oblast) is in oblast (in bestjoerlike ienheid) fan Ruslân. De oblast leit súdeastlik fan Moskou, de haadstêd is Rjazan.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Oka yn 'e oblast Rjazan

De oblast grinzget oan de oblasten Vladimir (noarden) en Nizjni Novgorod (noardeasten), de republyk Mordoovje (easten) en de oblasten Penza (súdeasten), Tambov (suden), Lipetsk (súdwesten), Tûla (westen) en Moskou (noardwesten).

De oblast leit yn de Easteuropeeske Leechflakte yn it Oka-Don-flakte. De belangrykste rivier is de Oka, dy't fan wêst nei east de oblast midstwa snijdt. Mei útsûndering fan de haadstêd is de lânbou yn de hiele oblast de belangrykste boarne fan ynkommen. It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. De trochsnit temperatuer yn jannewaris is −10 °S, yn july +20 °S.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utsein de haadstêd is de oblast fral agrarysk. Der wurdt kalkstien, mergel en klaai fûn en der binne ôfsettings fan glês- en kwarstsân. Fierder wurde der fosforiten, brûne izererts, stienkoal en turf fûn. Wichtige sektoaren binne de ferarbeiding fan ierdoaljeprodukten, metaalbewurking, masjinebou, kommunikaasje-eletronika, de bou en de foedselyndustry.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan it Foarstedom Rjazan giet werom oant yn de 10e iuw. Troch de lokaasje oan de râne fan Ruslân wie it faak in gebiet fan striid. It gebiet hie ek te meitsjen mei de ynvaazje fan de Mongoalen yn 1237. It foarstedom hold lang hoek tsjin Moskou, mar kaam yn 1521 dochs ûnder Russysk bewâld.

Yn 1937 waard de oblast Rjazan oprjochte út dielen fan de oblasten Moskou en Voronezj. Yn 1954 krige de oblast mei in feroarings de hjoeddeiske omfang.

Bestjoersyndieling en grutte stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast Rjazan is ûnderferdield yn 25 rajons en 4 stedsdistrikten. It bestjoerssintrum fan de oblast is Rjazan en dat is ek de iennige grutte stêd fan de oblast. Oare plakken mei in grutter ynwennertal binne Kasimov, Skopin en Sasovo, dy't njonken Rjazan de oare trije stedsdistrikten foarmje. Meiïnoar hat de oblast 12 stêden en 21 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners (2022) [1] Wapen Lokaasje
Rjazan Рязань 529.401 54° 37' N 39° 43' E
Kasimov Касимов 28.753 56° 59' N 40° 58' E
Skopin Скопин 30.376 53° 49' N 39° 33' E
Sasovo Сасово 23.213 54° 21' N 41° 55' E
Rjazjsk Ряжск 20.641 53° 43' N 40° 04' E

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Befolking 1.802.196 2.428.914 2.267.908 1.444.755 1.411.590 1.365.780 1.347.754 1.227.910 1.085.152

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Rjasan

  1. Ynwennertallen ôfkomstich fan de Russysktalige lemma's (oproppen 5 juny 2022)

 
Dielgebieten fan Ruslân

Flagge fan Ruslân

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne