Oaljefanteilân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Súd-Sjetlâneilannen
Kaart fan Oaljefanteilân

Oaljefanteilân (Elephanteiland) is ien fan de eilannen fan de Súd-Sjetlâneilannen yn de Skotiasee en de Súdlike Oseaan tichteby Grahamlân op Antarktika. It eilân wurdt net bewenne, is bergich en foar it measte part mei iis oerdutsen. It eilân krige syn namme fan ûtdekkingsreizger kaptein George Powell yn 1821 dy't seeoaljefanten op de kust seach. It leit 1253 km west-súdwest fan Súd Georgje, 935 km súdlik fan de Falklâneilannen en 885 km sudeastlik fan Kaap Hoarn. It eilân heart ta it gebied dat troch Argentynje, Sily en it Feriene Keninkryk opeaske wurdt.

Oaljefanteilân waard bekend as ûntwyk foar de bemanning fan de Endurance, it ekspedysjeskip fan Ernest Shackleton dat by syn Transantarktyske Ekspedyske yn 1915 fêstfrear en nei moannelange drift ferplettere waard troch it iis.

Oaljefanteilân