Nijdjip (Easterboarn)

Ut Wikipedy
Krusing Nije Feart, Heafeart en Nijdjip (rj.)
Lizzing
Nijdjip by de Thomas Pôle

It Nijdjip is in feart yn de gemeente Opsterlân. De 2,5 kilometer lange feart rint fan De Boarn benoarden Easterboarn nei it easten en komt westlik fan de Ulesprong út yn de Nije Feart. Benoarden de feart leit polder Rypweisein.

De namme Nijdjip jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Diep.

Wannelrûte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De polderdyk bylâns It Nije Djip is sûnt 2013 ûnderdiel fan in ûngefear 12,5 kilometer lange wannelrûte dy’t begjint by it Sudergemaal en fia de Nije Feart nei de De Ulesprong giet. It paad rint dêrnei oer de polderdyk bylâns te Nijdjip rjochting De Ripen en de Domela Nieuwenhuiswei. Oer de Geawei en It Damshûs komt it paad wer út by it Sudergemaal.[1]

Thomas Pôle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thomas Pôle

Oan it noardside fan it Nijdjip tusken Aldeboarn en De Ulesprong leit de Thomas Pôle. Dizze heale bunder ûnlân leit op de hoeke fan in wyk oan de noardside fan it Nijdjip. De wyk komt út by de boerepleats op De Ripen 20 besuden Nij Beets. De seis pleatsen oan de Ripen binne saneamde 'steatsbuorkerijen' dy’t boud waarden yn it ramt fan de wurkferskaffing yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw. Om de lannen by dizze seis pleatsen leit in polderdyk dy’t it wetter fan de Boarn keare moast by heech wetter. De Pôle hearde sûnt de sechtiger jierren by de pleats fan Thomas Poortman. As it ûnlân simmerdeis meand wie leinen in soad Boarnsters en oare boatsjeminsken oan de Thomas Pôle foar de wâl. De wâl wie simmerdeis nei it gersmeanen ek berikber mei de auto. Sûnt 2014 is de Thomas Pôle oanjûn mei in buordsje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Woudklank oer it wannelpaad