Natan (profeet)
Natan (profeet) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Natan | |
nasjonaliteit | Israelitysk | |
berne | 11e iuw f.Kr. | |
berteplak | ûnbekend | |
stoarn | 10e iuw f.Kr. | |
stjerplak | ûnbekend | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | profeet | |
reden bekendheid |
neamd yn 'e Bibel |
Natan (Hebriuwsk: נתן, Naṯan, útspr.: [natan], likernôch: "nattan"; fl. ±1000 f.Kr.) wie yn it Alde Testamint fan 'e Bibel in profeet fan God. Hy is it bekendst út it ferhaal oer de oerhoer fan kening David mei Batsjêba, de frou fan Oería de Hetyt.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it ferhaal fan 2 Samuel wie Natan omtrint it jier 1000 f.Kr. profeet yn it Keninkryk Israel doe't dat ûnder it bewâld stie fan kening David. Yn 'e passaazje 2 Samuel 7:2-17 stiet beskreaun hoe't Natan David op 'e hichte stelde fan it ferbûn dat God mei him en syn hûs sletten hie. Doe't de kening letter oerhoer bedreaun hie mei Batsjêba, de frou fan Oería de Hetyt, en doe't Batsjêba swier rekke bliek te wêzen, liet er har man út 'e wei romje om foar te kommen dat syn sûnde útkomme soe. It wie Natan dy't doe (yn 2 Samuel 12:1-25) by David kaam en him út namme fan God beskrobbe.
Fierders wie it neffens 1 Keningen 1:8-45 Natan dy't David op dy syn stjerbêd ynljochte oer de plannen fan syn soan Adonia om himsels nei de dea fan syn heit kening te meitsjen, mei as gefolch dat David syn jongere soan Salomo as syn opfolger oanwiisde. Letter skreau Natan kroniken oer de regearperioades fan sawol David (1 Kroniken 29:9) as Salomo (2 Kroniken 9:29), en wied er boppedat belutsen by de gearstalling fan 'e muzyk dy't yn 'e Timpel fan Jeruzalim spile waard (2 Kroniken 29:25). David neamde ien fan 'e fjouwer soannen dy't Batsjêba him skonk Natan; mooglik wie dy ferneamd nei de profeet.
Hjoed de dei wurdt de profeet Natan yn 'e Eastersk-otterdokse en de Eastersk-katolike tsjerken as hillige fereare. Syn hjeldei falt yn dy tsjerken op 'e snein foar de kryst. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke falt de hjeldei fan Natan de Profeet op 24 oktober.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |