Nakajima Ki-27

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nakajima Ki-27
Ki-27

Fabrikant Nakajima Hikoki
Earste flecht 15 oktober 1936
Yn tsjinst 1937
Produksjejierren 1935 oant 1942
Tal makke 3.368
Ki-27 1.jpg

De Nakajima Ki-27, of jachtfleanmasine Type 97, wie de standert jager fan de Japaneeske Loftmacht fan 1937 oant 1940. De Alliearden joegen it tastel de bynamme "Nate", mar yn it Fiere Easten wie it faak "Abdul" neffens nei-oarlochske boarnen.

Eksport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ki-27 waard ek ferkocht oan de Japanske bûnsmaten Tailân en Mantsjoekwo. Yn Mantsjoerije waard it tastel ek yn lisinsje makke.

Yndoneezje hie nei de Twadde Wrâldkriich de typen Ki-27 en Ki-79 yn gebrûk; tastellen dy't de Japanners efterlitten hienen.

De yn Mantsjoekwo makke Ki-27 en Ki-79 waarden troch de kommunisten yn de Sineeske Boargerkriich brûkt.

Technyske feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feiten Ki-27a
Langte    7,53 m
Fleugelspanwiidte    11,31 m
Hichte    3,25 m
Motor    Ien Nakajima Ha.1b Stjermotor fan 522 kW (710 KK)
Topfaasje    470 km/o op 3500 m
Aksjeradius    625 km
Bemanning    1
Tsjinstplafond    12.250 m
Leechgewicht    1110 kg
Maks. startgewicht    1790 kg
Bewapening    Standert twa 7,7 mm Masinegewearen, de Ki-27b koe 4 x 25 kg bommen meinimme.

Ien MG waard faak fan in 12,7 mm ferfongen. As lesfleantúch ien MG of gjin.