Mount Rushmore
Appearance
(Trochferwiisd fan Mount Rusmore)
De Mount Rushmore, folsleine namme: Mount Rushmore National Memorial ("Nasjonaal Tinkteken Mount Rushmore"), is (sûnt 1925) in nasjonaal park dat yn de Black Hills leit fan Súd Dakota, tichtby Keystone. Yn it park hawwe de Amerikanen in monumint makke as oantinken fan de berte, de waaksdom en ûntwikkeling fan de Feriene Steaten fan Amearika. De oerflakte fan it park is om-ende-by 5 km².
Tusken 1927 en 31 oktober 1941 hawwe sa'n 400 arbeiders ûnder lieding fan Gutzon Borglum de 18 meter hege boarstbylden fan de Amerikaanske presidinten George Washington, Thomas Jefferson, Theodore Roosevelt en Abraham Lincoln yn de rotswand úthakke. It symbolisearret de earste 150 jier fan de skiednis fan Feriene Steaten.