Súd Dakota

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of South Dakota
Vlag van South Dakota Zegel van South Dakota
Map of USA highlighting South Dakota.png
Ofkoarting
Haadstêd Pierre
Tiidsône -6 / -7
Algemien
Oerflakte 199.905
Befolking 770.883
Oare ynformaasje
Tatreden 2 novimber 1889
Oantal countys 66

Súd Dakota (Ingelsk: South-Dakota) is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Pierre en der lizze grutte Yndianereservaten.

[bewurkje seksje] Skiednis

It gebiet dat tsjintwurdich Súd-Dakota hjit waard eartiids befolke troch de Yndianestammen as de Lakota, dy't ek bekend stean as de Dakota of de Siouks. Lakota betsjut "freon". Letter kaam it gebiet yn Frânske hannen en yn 1818 alhiel by de Feriene Steaten.

Op 2 novimber 1889 waarden sawol Noard Dakota en Súd Dakota as de 39e en 40e, steaten by de Feriene Steaten. Op 29 desimber 1890 waard by it plakje Wounded Knee in moardpartij oanrjochtsje ûnder de Yndianen.

[bewurkje seksje] Geografy

Súd Dakota heart by de Grutte Flakte-regio en is 199.905 km² grut. It westlik part heart ta de Mountain-tiidsône, it easten ta de Sintral tiidsône en grinzet oan de Amerikaanske steaten Noard Dakota, Montana, Wyoming, Minnesota, Iowa en Nebraska.

De wichtichste rivier is de Missoury. It grutste part fan de steat is frij flak, mar yn it westen lizze bergen as de Black Hills en de Badlands. It heechste punt is Harney Peak (2207 meter). Yn de Black Hills leit it wrâldferneamde Mount Rusmore-monumint. De Badlands binne ryk oan fossilen.

Mount Rusmore

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen