Milton Friedman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Milton Friedman

Milton Friedman (Brooklyn, 31 july 1912 - San Fransisko, 16 novimber 2006) wie in Amerikaansk ekonoom, foarfjochter fan frijemerkkapitalisme en in beheinde oerheid. Yn 1976 wûn hy de Nobelpriis foar de Ekonomy en hy krige yn 1988 de Presidential Medal of Freedom ('Presidinsjele Frijheidsmedalje') útrikt troch destiidsk Amerikaans presidint Ronald Reagan.

Friedman wie tsjin elke foarm fan oerheidsbemuoienis. "De Wrâldbank en it IMF binne nutteleaze ynstituten wurden en in sintrale bank is eigentlik net nedich foar de stjoering fan de kapitaalmerken", neffens de ekonoom yn ien fan syn tirades. Friedman beskôge de Nobelpriis as in definitive erkenning an syn gedachtegoed, mar út de linkse hoeke kaam in stoarm fan protest. Sûnttiids kin sein wurde dat dêr’t Friedman kaam, spul wie.

Reagan[bewurkje seksje | edit source]

Syn ideeën waarden min ofte mear tapast troch de Amerikaanske presidint Reagan en de Britske premier Margaret Thatcher.
De Amerikaanske presidint Bush neamde Friedman yn 2002 in frijheidsheld en briljante geast mei in fyzje dy’t minsken frij lit yn harren kar en oerheden net tastiet om dizze kar oan de kant te skowen.