Merovech

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kamee mei ôfbyld fan Merovech (16e ieu)

Merovech wie nei alle gedachten kening fan de Salyske Franken (447-458) nei Klodio. Hy is de stamheit en nammejouwer fan de saneamde Merovingen, dy't it Frankyske ryk ta bloei brochten.

Legendaryske kening[bewurkje seksje | edit source]

Oer Merovech sels is net folle bekend; hy jildt dêrom as in heal-mytysk figuer. Hy wurdt faaks sjoen as de soan fan Klodio, de kening dy't foar him regeare. Neffens de leginde waard hy troch in meunster by syn mem oansetten doe't hja yn de see oan it baaien wie. Dat foarfal jout mooglik in ferklearring foar de siswize dat guon fan (Jeropeeske) adel "blauw bloed" hawwe soenen, lyk as seeskepsels.

Likernôch 450 koenen de Salyske Franken goed mei de Romeinske Generaal Aetius. As bûnsmaten hawwe sy yn 451 oan de side fan Aetius meifochten tsjin de Hunnen en harren bûnsmaten de Gepiden yn de slach op de Katalaunyske fjilden. Ek Merovech hat dêrby nei alle gedachten by oanwêzich west.

Merovech waard nei syn dea yn 458 opfolge troch syn soan Gilderik I.

Trivia[bewurkje seksje | edit source]

Neffens Emil Rückert [1] soe de namme Merovingen sa ûntstien wêze: it hearskjende laach fan de Franken wenne oan de Merwede of Merowe dêr't dizze gearfloeit mei de Maas, dêr't letter it Slot Loevestein boud wurde soe. Merovech soe hjiroan syn namme &ûntliend hawwe.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]

  1. Thidrekssaga Research: Merovingian Origin Location (s)

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Edward James - De Franken