Meksikaanske ein

Ut Wikipedy
Meksikaanske ein

Jerk

.Wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas diazi
Ridgway, 1886
IUCN-status: net-bedrige[1]

De Meksikaanske ein (Anas diazi) is in einesoarte fan 'e famylje einfûgels. De ein briedt yn Meksiko en it súdwesten fan 'e Feriene Steaten.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pearke Meksikaanske einen.

Jerken en wyfkes lykje alletwa op in donker wyfke fan 'e wylde ein en hawwe in lingte fan 51 oant 56 sm. De snaffel fan 'e jerk is gieleftich, wylst dy fan it wyfke oranje mei swart is. Yn 'e flecht stekke de helderwite ûnderwjukken tsjin it donkere bealchje ôf. De spegel boppe de fleugel is blau mei oan wjerkanten in swarte en wite streek. Dy wite streek ûntbrekt by de Flekte ein, dy't in soad liket op de Meksikaanske ein en foar in part yn itselde ferspriedingsgebiet foarkomt. De ein is yn 'e regel yn pearkes of lytse groepen te sjen. Yn guon gebieten komt de ein ek yn stedsparken foar, dêr't er dan minder skou is as yn 'e natoer. Yn guon gebieten fan it súdwesten fan 'e Feriene Steaten hybridisearret de ein mei de wylde ein.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet is de ein in stânfûgel, mar in diel fan 'e noardlike fûgels trekt winterdeis nei Meksiko. De soarte hat ek in grut ferspriedingsgebiet yn 'e Feriene Steaten, mar komt dêr net yn grutte oantallen foar.

De Meksikaanske ein is by wetterpartijen, rivieren en fivers te finen. De nêsten wurde yn 'e regel by wetter boud, mar somtiden ek mear it lân yn.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ein siket grondeljend syn iten yn it wetter of gerskjend op it lân. Meksikaanske einen binne sljocht op de griene alfalfa-leaten fan 'e luzerneplant.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ein giet stadichoan mar wis yn oantal efterút. De jacht en biotoopferlies binne de oarsaken dêrfan. Dêrnjonken hybridisearret de ein mei de wylde ein, dy't him better oanpast oan in biotoop mei in soad aktiviteit fan minsken en yn hieltiten gruttere oantallen foarkomt yn it ferspriedingsgebiet fan 'e Meksikaanske ein. De soarch bestiet dat de kombinaasje fan dy oarsaken lang om let de ferdwining betsjut fan 'e Meksikaanske ein as in werkenbere taksonomyske soarte. It behâld fan it biotoop en de jacht op 'e wylde ein soene dat tefoarren komme kinne. De Meksikaanske ein waard yn 1967 troch de Fish and Wildlife Service fan 'e Feriene Steaten as in bedrige soarte neamd, mar yn 1978 wer fan 'e list ferwidere.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Mexican duck