Meindert de Jong

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Meindert De Jong ( Wierum, 4 maart 1906Michigan, 16 july 1991 ) wie in skriuwer fan berneboeken.

De Jong emigrearde yn 1914 mei syn famylje nei de Feriene Steaten. Hy gie nei de kristlike skoalle en it Calvin College yn Grand Rapids, Michigan en studearre oan de universiteit fan Chicago, mar sûnder titel.

Hy hie ferskate beroppen yn de krisisjierren en op oantrunen fan in pleatslike bibletekaris begûn hy mei it skriuwen fan berneboeken. Syn earste boek wie The Big Goose and the Little White Duck en ferskynde yn 1938.

Hy skreau ferskate boeken eardat er yn de Twadde Wrâldoarloch it Amerikaanske leger yn gie en yn Sina legere waard. Nei de oarloch begûn er wer te skriuwen en wenne ferkeidene jierren yn Meksiko. Letter gie er in skoft nei Michigan. Nei him ta wenjen setten te hawwen yn Noard Karolina gie er werom nei Michigan foar de lêste jierren fan syn libben. Yllustrator Maurice Sendak wurke mei oan seis fan syn boeken.

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]