Medan (stêd)

Ut Wikipedy
Medan
Polityk
Lân Yndoneezje
Provinsje Noard-Sumatra
Sifers
Ynwennertal 2.102.105 (2008)
Oerflak 265,10 km²
Befolkingsticht. 7929,5 / km²
Stêdekloft 4.144.583, 2.739,92 km2
Hichte 2,5-37,5 m
Oar
Stifting 1 july 1590
Tiidsône WIB UTC+7
Lokaasje fan Medan
De Grutte Moskee (Mesjid Raya) yn Medan

Medan (Yndonesysk: "plein", "fjild" , "flakte") is de haadstêd fan de provinsje Noard-Sumatra (Sumatra Utara), op it eilân Sumatra yn Yndoneezje. Medan leit op de noardeastkust fan it eilân en de fjirde stêd neffens grutte fan Yndoneezje (nei Jakarta, Soerabaya en Bandûng); bûten dy fan Java is Medan de grutste stêd fan it lân. De stêd wurdt begrinzge troch it Regintskip Deli Serdang yn it easten, suden en westen en de Strjitte fan Malakka yn it noarden. Medan leit net fier fan de fulkaan Sinabûng, dy't augustus 2010 foar it earst nei 400 jier wer útbarste.

Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Medan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Peter Alma (1886-1969), Nederlânsk byldzjend keunstner
  • Bernard Lievegoed (1906-1992), Nederlânsk organisaasjesaakkundige en publisist
  • Tom Degenaars (1921-2005), Nederlânsk yngenieur en geastlike fan de Frij-katolike Tsjerke, gnostistysk-teosofysk tsjerkgenoatskip
  • Muchtar Pakpahan (1953), Yndonesysk sjoernalist, fakbûnsfoarsitter en minskerjochteferdigener
  • Cees Korvinus (1950), Nederlânsk advokaat en VARA-foarsitter