Max Blokzijl

Ut Wikipedy
In jonge Max Blokzijl (1907)

Marius Hugh Louis Wilhelm (Max) Blokzijl (Ljouwert, 20 desimber 1884De Haach, 16 maart 1946) wie in Nederlânske sjonger en sjoernalist. Yn de Twadde Wrâldkriich wie er in bekend kollaborateur. Nei de befrijing waard er feroardiele ta de dea en wie er de earste kollaborateur dy't fusillearre waard.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blokzijl tsjinne yn de Earste Wrâldkriich yn it Nederlânske leger. Hy waard oplaat ta sjoernalist en waard korrespondint yn Berlyn. Nei Hitler syn machtsoername rekke er om 1935 hinne betsjoene fan it nasjonaalsosjalisme. Fan 1918 oant 1940 arbeide er foar de Dútske parse en wie ek foarsitter fan Niederländischer Bund in Deutschland. Yn it liberale Algemeen Handelsblad koe er syn politike oertsjûging net kwyt. Fan 1938 skreau er dêrom anonym ek foar it tydskrift De Waag. Hy waard lid fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) fan Anton Mussert, mar hold dat geheim (stamboeknûmer 56809).

Nei de bsetting kaam Blokzijl iepentlik foar syn nasjonaalsosjalistyske ideeën út. Fan febrewaris 1941 ôf hold er wykliks in radiopraatsje foar de Nederlandsche Omroep. As haad fan de ôfdieling parse fan it nasjonaalsosjalistyske Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten wurke er oan de nazifisearring fan de Nederlânske parse.

Sjongkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tegearre mei de sjoernalist Jean-Louis Pisuisse reizge er yn 1907, út koartswiligens, ferklaaid as Italjaanske strjitmuzikant, troch Nederlân. Hja skreaunen in boekje oer harren ûnderfinings: Avonturen als straatmuzikant. It boekje ferkocht tige dat hja koenen harren sjongkarriêre fierder útbouwe. Hja reizgen fan 1908 oant 1913 troch Jeropa, Nederlânsk-Ynje, Sina, Japan, Sibearje en Ruslân. Hja betochten de namme libbensliet foar harren op it Frânske chanson ynspirearre repertwaar.

Proses en eksekúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de kriich waard de ferneamde Blokzijl tige hastich foar de rjochter brocht. Hy waard mar fan ien ding beskuldige: de dat er yn de besetting mei opsetsin, yn it iepenbier, nazipropagandist west hie, bedoeld om it geastlik ferset fan it folk te brekken en har yn te nimmen foar it Dútsk bewâld. Inkeld út reden fan fragminten út syn radiopraatsjes waard er 25 septimber 1945 ta de dea feroardiele. Heger berop waard fersmiten en graasje woe keninginne Wilhelmina net jaan. Fergelike mei oare nasjonaalsosjalistyske propagandisten waard Blokzijl wol tige swier straft. Fermoedlik is er fral it bokje wurden omdat er as earste bekende kollaborateur foar de rjochter kaam en ek dat er as de stem van het Nederlandse nationaalsocialisme sjoen waard sil sines der ta dien hawwe. Hy waard dea dien op de Waalsdorpervlakte en letter yn it geheim bedobbe yn in massagrêf op it Algemiene Begraafplak fan De Haach dêr't earder ek Robert van Genechten en letter Meinoud Rost van Tonningen en Mussert bedobbe waarden. Syn frou hat nea te hearren krigen wêr't syn lichem krekt lei. De autoriteiten wienen nammentlik benaud foar fersteuring fan de iepenbiere oarder.

Wurk (kar út)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Avonturen als straatmuzikant (mei Jean-Louis Pisuisse), H.J.W. Becht, Amsterdam 1907
  • De wonderlijke avonturen van Jonas Leevend en z'n club, Scheltens & Giltay, Amsterdam 1917
  • Hans Hedding en zijn wonderlijke secretaris of hoe een Hollandsche jongen in het buitenland beroemd werd, Scheltens & Giltay, Amsterdam 1919
  • Ik trok er op uit …, Blitz Andries, Amsterdam 1928 (opnij útjûn 1943)
  • Landverraders (Propapagandabrosjure), 1941
  • Luisteraars antwoorden, Nenasu, Utert 1942
  • Brandende kwesties, Nederlandsche Uitgeverij Opbouw, Amsterdam 1942
  • Ik was er zelf bij, Nenasu, Utert 1943
  • Ik zei tot ons volk …, Nenasu, Utert 1943

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. René Kok, Max Blokzijl: stem van het nationaal-socialisme. Sijthoff, Amsterdam, 1988. ISBN 90-218-0231-7.
  2. Biografisch Woordenboek van Nederland - biografie
  3. Chris van der Heijden, Grijs verleden, Nederland en de Tweede Wereldoorlog. Utjouwerij Contact, Amsterdam/Antwerpen, 2008.
  4. Ingelske Wikipedy, Max Blokzijl