Springe nei ynhâld

Matthew Poole

Ut Wikipedy
Matthew Poole

Matthew Poole (York, 1624 - Amsterdam, 1679) wie in fan de Tsjerke fan Ingelân (Anglikaanske Tsjerke) ôfskieden protestantske teolooch.

Poole studearre oan it Emmanuel College yn Cambridge.

Fan 1649 oant it oannimmen fan de Uniformiteitswet fan 1662 wie er rektor fan it St Michael le Quernel te Londen. Om't er bang woarn wie fanwege it saneamde Paapske komplot skreaun troch Titus Oates, dy't Poole fanwegen syn traktaat "Nullity of the Romisch Faith" oantsjut hie om te fermoardzjen, flechte hy út Ingelân en wenne syn lêste libbensjierren yn Amsterdam. Hy ferstoar dêr yn 1679.

In folsleine biografy fan Poole is makke troch Thomas Harley yn febrewaris 2009.[1][2]

It wurk dêr't er meastens mei assosjearre wurd is de "Synopsis criticorum biblicorum" (5 dielen, 1669-1676), dêr't er de opfettings fan 150 Bibelske kritisy yn gearfettet. Dat boek waard skreaun yn it Latyn. Poole skreau ek "English Annotations on the Holy Bible", in wurk dat ôfmakke waard troch inkelde ôfskieden bruorren en publisearre yn twa parten yn 1683. Dat wurk is troch oaren fuortset (Lêste edysje, trije parten, 1840).[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.iuniverse.com
  2. search.barnesandnoble.com
  3. New International Encyclopedia