Marten Annes Ypma

Ut Wikipedy
Marten Annes Ypma

Marten Annes Ypma (Minnertsgea, 26 augustus 1810 - Alto, Wisconsin, 1 maaie 1861) wie in predikant.

Jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marten Ypma waard yn Minnertsgea berne as in soan fan in beurtskipper. Syn heit is jong ferstoarn en doe hat Marten mei syn broer it skip oernommen. It liket derop dat mei it skip de kost net fertsjinnen wie. Marten begûn doe te sútelen. Guon sizze dat hy bakker west hat en wer oaren dat hy in grientesaak hie.

Ofskieden gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1835 waard der yn Minnertsgea in ôfskieden gemeente stifte. Marten sleat him dêr by oan en waard diaken. Hy fielde in ropping foar dûmny. Doe't hy dat yn de tsjerkerie nei foaren brocht, krige er te hearren oft de saken soms net sa goed gienen. Marten hat kâns sjoen om it troch te setten.

Yn 1840 krige Ypma de kâns om by Tamme Foppes de Haan te studearjen. Hy waard doe ek oefener yn Hallum. De Hallumers seinen him in traktemint ta fan 400 gûne. Salang as hy noch net klear wie, krige er 200 gûne. Yn april 1845 slagge Ypma foar it eksamen en 8 juny holde er syn yntreepreek. Hy hie doe ek op syn hiele traktemint rekkene, mar dat rûn oars. De tsjerkerie holde de boat ôf en op in gemeentejûn waard der sein dat se tocht hienen dat dûmny sels wol middels fan bestean hawwe soe.

Emigraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfskiedenen makken 1 % fan de befolking út, mar fan de emigranten wienen hja 65 %. De oarsaken wienen foaral it gefoel fan de ôfskiedenen dat hja beknotte waarden yn harren rjochten en fierders ekonomyske faktoren. Ferskate ôfskieden dûmny’s gienen dêrom mei harren keppel nei Amearika, it lân fan de takomst en de frijheid.

Ek út Fryslân waard de oarstek wage. Yn Ljouwert waard de Kristlike ferieniging nei Amearika oprjochte. As foarm waard der keazen foar in tsjerke. Ypma krige it berop en naam dat oan, ta spyt fan de Hallumers. Yn 1847 gie tal Friezen oan board fan de Vesta. Se fûnen ynearsten ûnderdak by eardere Nederlânske ymmigranten yn Michigan. Doch de Friezen fûnen de grûn dêr net geskikt. Se kochten in eintsje fierderop lân, dat noch oanmakke wurde moast. It waarden tige swiere tiden. Mei troch Ypma syn saaklik ynsjoch, binne se slagge. Ypma soarge ek dat der in skoalle kaam en in begjin fan teologysk ûnderwiis.

Ferskil fan ynsjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Vriesland, sa as de Friezen harren doarp neamden, wienen der, sa as by de ôfskieden wenstich wie, ferskate mieningen. Der kaam krityk op Ypma syn preken. Boppedat fielde Ypma eins neat foar in ôfskieden tsjerke. Hy socht kontakt mei de Dutch Reformed Church. Dy tsjerke waard stifte doe't de Nederlanders in koloanje hienen yn it lettere New York. Yn 1849 sletten de Friezen harren oan by de Dutch Reformed Church. De gemeente bestie doe út 125 belidende leden. In part is net meigien en hat him oansletten by de Christian Reformed Church.

Yn 1852 naam Ypma in berop oan mei de gemeente fan Graafschap. Letter is er nei Alto yn Wisconsin gien, dêr't er ferstoarn is op 1 maaie 1863 yn de âldens fan 52 jier. Ypma is begroeven op it tsjerkhôf yn Vriesland.

De tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste tsjerke, no nochal oan de foarkant ferboud, bestiet noch.

Yn 1856 wie it safier dat der in tsjerke boud wurde koe. Op de gevel stiet: Reformed Church Vriesland organisearre te Ljouwert novimber 1846. Hjir fêstige yn 1847.

Yn de tsjerke is der in tinkstien mei as tekst:

In memoriam Rev. Martin A. Ypma, ferstoarn op 1 maaie yn de âlden fan 52 jier. Hy wie de stifter fan Vriesland en earste learaar fan de Grifformearde gemeente 1847 - 1852.
Sjoch der foar josels op ta dat wy net ferlieze yn wat wy bewurke hawwe, mar dat wy in folslein lean ûntfange meie.

De bannen tusken Fryslân en Vriesland[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bannen tusken it âlde en nije heitelân libje noch yn Vriesland. Der is in argyf oer de Friezen fan doe. Guon minsken út Vriesland wize harren Frisian roots mei grutskens oan. Yn it kader fan Simmer 2000 hat der besite fan oer en wer west en dat hawwe de lêste besites ek net west. It doarp, in part fan de stêd Zeeland, bestiet no út sa'n 200 ynwenners.