Marsumermûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Marsumermûne yn 2008

De Marsumermûne is in poldermole tichtby it doarp Marsum yn de gemeente Menameradiel.

De Marsumermûne, in grûnsiler dy't wat noardwestlik fan it doarp stiet, waard yn 1903 boud foar it bemeallen fan de Marsumerpolder. Tanksij in twadde fizelynstallaasje kin hy ek ynmealle. Yn 2000 waard de mûne foar it lêst restaurearre. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid en in flecht fan 22,00 meter. De Marsumermûne, eigendom fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel, is mealree yn sirkwy en kin op ôfspraak besichtige wurde. Ek kin hy as trouseal brûkt wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]