Marmasjen Vank

Ut Wikipedy
Kleaster Marmasjen

Մարմաշենի վանք

bouwurk
f.l.n.r.: Petrustsjerke, Stefanuskatedraal, Mem Godstsjerke
f.l.n.r.: Petrustsjerke, Stefanuskatedraal, Mem Godstsjerke
lokaasje
lân Republyk Artsach
Provinsje Sjirak
plak by Marsmasjen
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 10e iuw

It Kleaster Marmasjen (Armeensk: Մարմաշենի վանք) is in 10e-iuwsk kleasterkompleks by it doarp Marmasjen yn de provinsje Sjirak yn Armeenje. De gebouwen fan it kleaster hawwe wat styl oanbelanget in soad oerienkomsten mei it eartiidske Chtskonk'-kleaster.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklik oan Stefanus (Sûrp Stepanos) wijde katedraal waard tusken 988 en 1029 yn opdracht fan prins Vahram Pahlavûni boud. Nei de ynfaazje fan de Seltsjoeken waard de heal ferneatige tsjerke troch de pakesizzers fan Vahram Pahlavûni om 1225 hinne wer opboud.

Stefanuskatedraal

Yn de midsiuwen wie Marmasjen in wichtige lokaasje foar de regio mei sels betsjutting foar it hiele keninkryk. Wat ôfmjittings oanbelanget hearde it by de gruttere kleasters fan it ryk.

Tusken 1220 en 1403 waard it kleaster 15 kear oerfallen troch de Mongoalen. Fierders hie it te lijen fan Koerdyske kriichshearen, Seltsjoeken en dêrnei Osmanen, mar ek fan de ierdskoddings yn de jierren 1139, 1275, 1668 en 1926. Op de ferwoastigings folgen gjin grutte restauraasjes of renovaasjes mear. Pas tsjin it ein fan de 19e iuw wie der in earste besykjen om de gebouwen foar de takomst te bewarjen. De ynname fan Aleksandropol (it tsjintwurdige Gjûmri) troch de Turken liede ta fierdere plondering fan it kleaster.

Yn de Sovjet-tiid nei 1945 waarden der in pear restauraasjes útfierd. De skea fan de grutte ierdskodding yn 1988 foel ta en waard troch in Italjaansk restauraasjeteam ferholpen.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjintwurdige kompleks bestiet út de Stefanuskatedraal (Sûrp Stepanos), dêr't eartiids in 13e iuwske gavit oan de westlike kant op oansleat, en de súdlik dêrfan lizzende, folle lytsere Petrustsjerke (Sûrp Petros). De yn it noarden oan de haadtsjerke grinzgjende Tsjerke fan de Mem Gods (Sûrp Astvatsatsin) is foar in part ruïneus. In fjirde tsjerke stie westlik en hie in rûn grûnplan. Fan dy tsjerke bleau allinne it fûnemint bewarre. Likernôch 150 meter noardlik fan dy tsjerken stiet noch in muorrediel fan in fyfte tsjerke.

Yn de jierren 1950 waarden dielen fan de ferdigeningsmuorren bleatlein, dy't ea it kompleks omklammen.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Marmasjen soe ôfstamme fan Marmarasjen ("fan moarmer makke"), alhoewol't foar de bou gjin moarmer mar allinne rozekleurige dowestien tapast waard.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: