Manaty

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Manaty
FL fig04.jpg
taksonomy
Klasse: Sûchdieren (Mammalia)
Skift: Seekij (Sirenia)
Famylje: Lamantinen (Trichechidae)
soarte
'Trichechus manatus'

De Manaty (Trichechus manatus) is ien fan de trije soarten út it skaai fan de Lamantinen.

Wengebiet[bewurkje seksje | edit source]

De Manaty libbet yn ûndjip wetter oan de kusten fan de Kariben. Om't er graach wat omdoarmje mei wurdt er ek wol op rivieren fûn wurdt; yn Súd-Amearika is in Manaty in kear 800 km fan de kust it lân yn fûn. Mar oarsom is der ek wolris ien 15 km fan de kust yn iepen see oantroffen. De dieren gean ek wol de Atlantyske kust lâns nei it noarden.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Manaty yt it meast wetterplanten sa as Ielgers. Alle dagen yt in Manaty likernôch in fearnsdiel fan syn gewicht. Grutte folwoeksen eksimplaren kinne hast sa'n 100 kg deis ite.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Manaty is in solitêr bist. Allinnich tusken de ko en harren keal is in bân. In Manaty-ko hat draachtiid fan 12 moannen. Sy krijt dan ien keal dat 2 jier troch har fersoarge wurdt. Nei sa'n 3-4 jier binne de wyfkes geslachtsryp, de mantsjes efkes letter. In Manaty kin oer de 50 jier âld wurde.

Bedrigings[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt de 16e ieu wurdt op de Manaty jage foar oalje en fleis. Hjoed de dei is de Manaty oeral beskerme mar rint er hieltyd noch yn tal werom. Hoewol de Manaty gjin natuerlike fijânen hat, wurdt in part fan syn libbensgebiet troch de minsken ynnommen. Ek wurde in grut tal dieren troch propellers fan bûtenboardmotoaren ferwûne en komme Manatys by it gerskjen yn fiskark (heaken en netten ensf.) telâne.

Floridamanaty[bewurkje seksje | edit source]

Wylst it grutste part fan de Manatys no oan de noardeastekust fan Súd-Amearika libbet, is der ek in popúlaasje fan likernôch 3.000 Manatys dy't oan de kust fan Florida libje. Dizze populaasje wurdt meast sjoen as in ûndersoarte, de Floridamanaty (Trichechus manatus latirostris), njonken de Karibyske Manaty (Trichechus manatus manatus). Troch de maatregels foar it behâld dy't de FSA naam hawwe, is der in stadige waakst by dizze populaasje.

Chessie[bewurkje seksje | edit source]

Reizen[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1994 waard in Manaty fûn dy't de Chesapeake Baai ynswommen wie. Doe't it yn oktober dêr te kâld waard, waard "Chessie" fongen en troch de kustwacht werombrocht nei Florida. Om't er ek in stjoerder meikrige, koe it mantsje presys folge wurde doe't er yn 1995 wêr nei it noarden gong. Dat jier gong er fan de Chesapeake Baai fierder oant Rhode-Island yn it Noardeasten fan de Feriene Steaten ear't er mei it kâlder wurden wer nei it súden gong. Om't er yn 1996 de stjoerder ferlern hie koe syn tocht dat jier net presys folge wurde. Hy waard lykwols op de weromreis sjoen yn Portsmouth, Virginia, dat hy moat ek dat jier yn de Chesapeake Baai west hawwe. Yn 2001 kaam er wer yn it nijs doe't er wer nei Virginia kaam wie en sjoen waard doe't er troch de Great Bridge slûs gong.

Migraasje[bewurkje seksje | edit source]

Ut fierder ûndersyk docht bliken dat it mear bart dat manatys alle jierren migrearje tusken in wintergebiet en in simmergebiet. Der is in teory dat dit earder it gewoane gedrach fan de dieren west hat. Dat koe dan ek de ferklearing wêze fan de ferhalen oer in seemeunster "Chessie" yn de Chesapeak Baai, dêr't de reisgrage manaty nei neamd wie.