Springe nei ynhâld

Lytse seedûker

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lytse Seedûker)
lytse seedûker

simmerkleed

winterkleed
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift seedûkereftigen (Gaviiformes)
famylje seedûkerfûgels (Gaviidae)
skaai seedûkers (Gavia)
soarte
Gavia stellata
Pontoppidan, 1763
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast

De lytse seedûker (Gavia stellata) is mei sa'n 55-67 sm de lytste fan de seedûkers. Yn it briedseizoen binne se goed wer te kennen oan de reade kielfearren. Se fleane sûnder problemen op út it wetter en kinne as ienichste fan de seedûkers fan de wâl de loft ynfleane.

De lytse seedûker hat it grutste ferspriedingsgebiet fan de famylje. Hy briedt yn hiel Noard-Jeraazje en yn it noarden fan Kanada. Winterdeis is er súdliker te finen, oan de kust en by grutte marren.

Lyk as alle Seedûkers is de lytse seedûker foaral in fisk-iter dy't syn iten ûnder wetter fangt. Ek yt er wol wetterynsekten en kreefteftigen.

Aaien fan 'e lytse seedûker.