Ludwig Levy

Ut Wikipedy
Ludwig Levy
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne 18 april 1854
berteplak Landau in der Pfalz
stoarn 30 novimber 1907
stjerplak Karlsruhe
wurkpaad
berop/amt arsjitekt

Ludwig Levy (berne op 18 april 1854 – ferstoarn op 30 novimber 1907) wie in Dútske arsjitekt fan it historisme. Hy makke de ûntwerpen fan in tal synagoges, wêrûnder de ûnbidich grutte Nije Synagoge fan Straasburch, mar ek wol tsjerken en oare gebouwen.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ludwig Levy wie it sechde bern fan 'e joadske tekstylhandler Jonas Levy en syn frou Barbara Machhol.

Nei syn skoalletiid yn Landau studearre er sûnt 1870 wiskunde en foar yngenieur oan it Polytechnikum Karlsruhe (no it Ynstitút foar Technology), letter ek arsjitektuer. Levy wurke nei de foltôging fan syn stúdzje sûnt 1876 by ferskillende arsjitekten, lykas û.o. Paul Wallot en Rudolf Opfermann. Yn 1882 iepene er syn eigen arsjitekteburo yn Kaiserslautern. Nei 1886 dosearre er oan 'e Baugewerkschule Karlsruhe en sûnt 1902 wied er boutechnysk spesjalist by it Ministearje fan Ynlânske Saken. As erkenning foar syn wurk waard er yn 1902 troch it Ministearje fan Ynlânske Saken fan Baden yn 'e Bouried beneamd.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1890 wie Levy mei Flora Leving troud (1869-1943). Hja krigen tegearre twa bern: Marie Babette (berne op 5 augustus 1891) en Erwin Walter (berne op 18 juny 1896). Syn widdofrou Flora waard op 1940 út Karlsruhe nei Gurs en dêrwei yn 'e simmer fan 1942 nei Theresienstadt deportearre. Dêr ferstoar hja op 23 april 1943 yn 'e âldens fan 74 jier. Har twa bern wiene doe al ferstoarn. Oar neiteam wie der net.

It hûs fan Ludwig Levy yn Karlsruhe waard yn beslach nommen en is yn 'e Twadde Wrâldoarloch ferneatige.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Levy wurke fral en Baden, de Palts mar ek yn 'e Elzas, dêr't er fral synagoges, hûzen en gebouwen foar organisaasjes ûntwurp.

Synagoges
Nije Synagoge fan Straasburch
oare opdrachten
Belestingkantoar Straasburch (1899-1911)
Gruthartochlik distriktskantoar fan Mannheim (1906)
  • 1884–1885(?): Protestantske tsjerke fan Olsbrücken
  • 1885: Katolyk ferieningshûs yn Kaiserslautern
  • 1885: Villa Ritter yn Kaiserslautern
  • 1886: Villa Böhm yn Neustadt an der Weinstraße
  • 1888–1889: Protestantske tsjerke fan Bexbach
  • 1889: Tagongspoarte fan it Slot Kirchheimbolanden
  • 1890: Villa Lieberich-Merkel yn Neustadt an der Haardt
  • 1890: Burckshof in Gimmeldingen
  • 1893: Villa Streccius yn Landau in der Pfalz
  • 1899–1911: Oerheidsgebouwen oan it Kaiserplatz yn Straasburch (hjoed-de-dei: it belestingkantoar oan it Place de la République)
  • 1902–1903: Distriktskantoar (hjoed-de-de: haadburo plysje) yn Mannheim as opfolger fan Adolf Hanser
  • Psychiatrysk sintrum Nordbaden yn Wiesloch
  • 1904: Herfoarme tsjerke fan Queuleu (Metz)
  • 1904–1907: Labgebouwen fan 'e Landwirtschaftlichen Versuchsanstalt Augustenberg yn Karlsruhe (hjoed-de-deo it Agraryske Technologysintrum Augustenberg
  • 1907: Protestantske tsjerke fan Siegelbach
  • en protestantske tsjerken yn Weilerbach, Mittelbach/Pfalz (ferneatige yn 1945) en Steinwenden (ynterieur)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de: Ludwig Levy