Lobotomy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In sûn minsklik brein
de "iispriemmen" dêr't de lobotomy mei útfierd waard

In lobotomy is in neurosjirurgyske proseduere, in foarm fan psychosjirurgy. De hanneling bestiet út it foar in part trochsnijen fan de ferbinings fan de frontale korteks mei de rest fan it brein (defrontalisaasje).

Tapassing[bewurkje seksje | edit source]

Lobotomys wurde no hast net mear tapast omt de mooglikheid fan medisinale terapy, sûnt om 1960 hinne, doe't it anti-psychoatyske middel gloarpromazine beskikber kaam, der is. Teffens is er no in grut ferskaat oan psychologyske metoades om geastlike syktes en steurnissen te behanneljen. Ut en troch wurdt lobotomy anno 2009 noch tapast yn de slimste gefallen at neat oars helpe wol, bygelyks yn Belgje en de Feriene Steaten. Wol wurdt er dan in sterk ferfine operaasjemetoade tapast. Yn Nederlân wurdt de yndikaasjestelling oerlitten oan de Wurkgroep Neurofysiosjirurgy yn Utert mei it each op de etyske ymplikaasjes.

Tusken 1930 en 1950 waarden lobotomys op frij grutte skaal tapast yn gefal fan slimme mentale syktes, sa as skizofreny, klinyske depresje en eangststeuringen. It joech yn sa'n 25% fan de gefallen ferbettering, mar faak ek net en in grut tal pasjinten hie neitiids te lijen fan persoanlikheidsferoaringen. Ek is lobotomy tapast om sosjaal winslik gedrach ôf te twingen, faak sûnder it informed consent wat hjoed de dei foarskreaun is. It ûntbrekken fan in standert hânboek mei diagnostyske kritearia foar medisy, sa as de Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders (DSM) hat harres der ek ta dien.

Tsjintwurdich wurdt lobotomy as reguliere behanneling as ien fan de meast barbaarske flaters ea fan de medyske wittenskip sjoen. Ken Keseys roman One flew over the cuckoosnest (1962) beskriuwt de drastyske útwurking fan de operaasje op pasjinten, dy't net om sizzen jaan wolle. Yn 1975 is it boek ferfilme troch Milos Forman mei wrâldwiid súkses.

Walter Freeman en syn metoade[bewurkje seksje | edit source]

De technyk dy't úteinlik, nei ferskate eksperiminten, yn en bûten de FS, as de beste sjoen waard wie dy fan Walter Freeman. Ynspirearre troch it wurk fan de Italjaanske psychiater Amarro Fiamberti, besleat Freeman om fia de eachkassen de frontale kwabbe benei te kommen. Earder barde dat troch gatten te boarjen boppe de sliep, mar dy technyk frege in betûft sjirurch en koe sadwaande net oeral tapast wurde. Fierders hie net eltse klinyk de fasiliteiten om narkoaze te jaan. Freeman stelde dêrom út om de pasjinten te ferdôvjen troch elektro shock (elektrokonvulsive terapy, EKT). Yn 1945, naam Freeman in iispriem út syn eigen keuken en begûn de nije technyk op kadavers te besykjen. De technyk hjitte fan "transorbital lobotomy". Dat hâlde yn it optillen fan it boppeste eachlid en it dan pleatsen fan in tin sjirurgysk ynstrumint (de saneamde orbitoclast of leukotoom) tsjin de boppeste bonke fan de eachkas; dan waard de leukotoom mei in hammer troch de dêr tinne bonke dreaun, it brein yn. De leukotoom waard dan hinne en wer wrikke sadat de senuwferbinings tusken de frontale kwabbe en de thalamus trochsnien waarden. Men koe de leukotoom mear as minder djip ynbringe en sa mear as minder skea tabringe, al nei gelang de earnst fan yndikaasje en it ynsjoch fan de arts.

De lobotomy waard populêr makke yn de Feriene Steaten troch Walter Freeman. Tusken 1936 en 1960 priizge hy lobotomy oan als effektive behannelmetoade. Yn it begjin reizge er mei syn camper troch de Feriene Steaten om sjirurgen de operaasjetechyk by te bringen. Hy die doe somtiden 10 oant 25 operaasjes op in dei, wêrby't hy der wolris in soarte show fan makke neffens syn soan. Hy naam dan bygelyks nuvere hâldings oan of brûkte in gewoane timmermanshammer by ynbringen fan de priem, mei om de ienfâld fan de yngreep sjen te litten. Lobotomy waard sadwaande in skoft as in algemien brûkbere behannelmetoade foar allerhanne swierrichheden sjoen oant en mei 'wangedrach' fan bern. Freeman is mei lobotomy trochgien doe't it al as obsoleet beskôge waard.

Skaal[bewurkje seksje | edit source]

De measte lobotomyen binne yn de Feriene Steaten dien, by likernôch 40.000 persoanen (guon miene dat it der wol 100.000 west hawwe). Yn Grut Brittanje is de proseduere by sa'n 17,000 minsken tapast, en yn de trije Skandinavyske lannen meiinoar by likernôch 9.300 minsken. Yn Sweden allinnich teminsten 4.500 minsken tusken 1944 en 1966, fral froulju en ek jonge bern. Yn Noarwegen is de lêste lobotomy noch yn 1974 útfierd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Hans Bangen: Geschichte der medikamentösen Therapie der Schizophrenie. Berlin 1992. Seite 63-68 (Lobotomie) ISBN 3-927408-82-4
  • Elliot Valenstein: Great and Desperate Cures. New York 1986. ISBN 0-465-02711-3
  • Howard Dully en Charles Flemming: My Lobotomy. New York 2007. ISBN 0-307-38126/9