List fan kninerassen

Ut Wikipedy
Kninen fan ferskate rassen op in bistetentoanstelling yn Aalsmeer (1952).

Dit is in list fan kninerasssen, dy't in oersjoch jout fan 'e rassen fan 'e nuete knyn dy't troch de minske holden wurde.

Unstean en erkenning fan kninerassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kninerassen binne net natuerlik ûntstien, mar troch de minske fokt om beskate winske lichaamlike eigenskippen yn 'e bisken te krijen. Anno 2017 wiene der teminsten 305 kninerassen ferspraat oer santich ûnderskate lannen en territoaria. In protte fan dy lannen en territoaria hawwe in eigen kninefokkersferiening dy't eigen mjitstêven stelt en guon rassen wol en oaren net erkent. Dat betsjut dat yn gjin inkeld lân al dy hûnderten ferskillende rassen erkenning genietsje.

Foarbylden fan sokke kninefokkersferienings binne de American Rabbit Breeders Association (ARBA) yn 'e Feriene Steaten en de British Rabbit Council (BRC) yn it Feriene Keninkryk. Yn Nederlân giet it om 'e Kleindier Liefhebbers Nederland, fêstige yn Utert, mei yn 2015 likernôch 7.600 leden. Dizze organisaasje is yn 2009 ûntstien troch de fúzje fan 'e Nederlandse Bond van Hoender-, Dwerghoender-, Sier- en Watervogelhouders (NHDB) en de Nederlandse Konijnen-, Cavia- en Knagersliefhebbers Bond (NKB).

Hjoeddeistige kninerassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e ûndersteande list binne de kninerassen nei grutte yndield yn fjouwer kategoryen: dwerch, lyts, middelgrut en grut. Mei't de grutte fan eksimplaren fan itselde ras soms nochal útinoar rinne kin, is dat mar in rûchwei yndieling.

Dwerchrassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytse rassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Middelgrutte rassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutte Rassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utstoarne kninerassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.